Buro de Vries fan 20 desimber 2020 11:00

    Henriëtte en har boeken;
    In krystpakket foar Wieke;
    It Nijsfoarum; en
    It oersjoch fan'e wike.

    Henriëtte Hemmink

    Wa't mear as 120 boeken skreaun hat, wêrfan ek nochris mear as in miljoen ferkocht binne, moat wol in bekend en ferneamd auteur wêze. Of dochs net? Kenne jo bygelyks Henriëtte Hemmink fan Koudum? Kâns is grut fan net. Dochs is sy in bestseller-auteur, fan wa't in soad boeken yn binnen- en bûtenlân ferkocht wurde. It Buro trof Henriëtte Hemmink thús yn Koudum foar in goed petear oer it skriuwerskip, Fryslân as ynspiraasje, har freonskip mei Bram Vermeulen en de dea...

    Krystpakket foar Wieke Fekkes

    Wieke Fekkes fan Boalsert is in trochsetter en hat har troch in hiel drege tiid hinne wraksele. 7 Jier lyn waard har man Wybe siik. Hy hie in harsentumor. It jonge stel hie in pjut fan trije en Wieke wie yn ferwachting fan de twadde doe't it needlot harren oerkaam. 6 Jier lyn flak foar de krystdagen stoar Wybe. Yn syn sykte soarge Wieke mei help fan har âlders foar Wybe. De heit en mem fan Wieke kamen by har te wenjen.

    In swiere tiid en doe kaam trije moanne nei it ferstjerren fan Wybe min nijs foar Wieke. Se hie boarstkanker. Yn dy omstannichheden moast se oerein bliuwe foar har twa soantsjes. Gelokkich genies se fan de kanker. Se naam harsels foar om it libben op te pakken. "Ik ha hoop ik noch wol in hiel libben foar my, Wybe hie de kâns net krigen. En dêrom woe ik dy kâns pakke foar my en myn bern." Dat wie net altyd maklik, mar de nuchtere ynstelling fan Wieke holp har wol. "It is freeslik wat ús oerkaam, mar ik betocht, ha ik hjir ynfloed op? Nee, mar wol op de manier hoe't ik dermei omgie. Dat is in kar en dy ha ik makke."

    No, seis jier letter, hat Wieke mei de bern it libben wer aardich op 'e rit en se is ek de inisjatyfnimmer fan Team Wybe. Dizze groep wol jild ynsammelje foar ûndersyk nei kanker. Se binne oansluten by de Maarten van der Weijden Foundation. Se fytsten de Alvestêdetocht al mei in bierfyts, mar ek de Alpe d'Huez beklommen se. Dit jier soene se op in wetterfyts de alve stêden by del, mar troch corona gie dat net troch. Wieke en it team hoopje it yn 2021 wol te dwaan. En as se begjinne, dan helje se it ek is de ynstelling, want Wieke is in trochsetter. Dêrom in krystpakket fan Omrop Fryslân foar har, oanbean troch har heit en mem. Omdat se ek tige grutsk op har binne.

    https://teamwybe.nl/

    It Nijsfoarum

    Hjoed as gasten oan tafel Anne-Goaitske Breteler (publisist), Conrad Berghoef (dosint Friese Poort) en Germ Gerbrandy (senator OSF).

    It oersjoch fan 'e wike

    De ôfrûne wike troch de eagen fan René Koster...

    11:09 - Harry Alonzo Ft. Jo - Heaven Must Have Sent You
    11:30 - Chris Montez - The More I See You
    11:54 - John Hiatt - Georgia Rae

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)