Buro de Vries fan 20 augustus 2017 11:00

11:00-12:00 oere: Peareltsjes út it argyf, mei dizze snein: In hûs foar memmen en har bern yn Goutum en Bernardus Zijlstra oer syn tsjinsttiid yn Nederlânsk Ynje.
12:00-13:00 oere; Ferhalen fan it Waad, oer de stoere manlju en froulju fan de KNRM, stasjon Harns.
De folsleine útstjoering wurdt sneintejûn werhelle tusken 21:00 en 23:00 oere. De "Ferhalen fan it Waad' binne ek as podcast werom te finen op dizze side. Sjoch ûnder it kopke RADIO.

Ferhalen fan it Waad: De rêders op it Waad

  • Ferhalen fan it Waad: De rêders op it Waad

It Waad is in prachtich gebiet om te farren. Drûchfalle litte op in plaat, of nei de eilannen sile. Mar it Waad hat ek gefaren, al soe it de boatsjefarder sels mar wêze. De minsken fan de KNRM binne der dan om te helpen of sels te rêden. Yn dizze ôflevering fan 'Ferhalen fan it Waad" ferhalen fan suksesfolle rêdings, mar ek de ramp mei in Dakota en Simone Scheffer dy't meigie op oefening.

"It wie ús plicht om dêr hinne"

  • "It wie ús plicht om dêr hinne"

Bernardus Zijlstra (89) fan Heech hie eins noch nea fierder west as Snits, doe't er oproppen waard om as tsjinstplichtige nei Nederlânsk Ynje te gean, mar twifel hat der net west. "It wie ús plicht om dêr hinne; wy wiene ek bliid dat de Kanadezen hjir kamen". Fan dy tiid dêr hat Zijlstra in soad oantinkens bewarre, wêrûnder grutte skriften mei deiboek-oantekens. 'Yn it Frysk, foar it gefal der frjemde eagen oer gean soene". Zijlstra fertelt hoe't hy by tafal net yn in legerauto siet dy't ferûngelokke en syn maten it libben koste. En dat hy it befel om op immen te sjitten opfolge, mar eins ek negearde: hy miste mei opsetsin.

Hûs foar mem en bern

  • Hûs foar mem en bern

As opfieden dreech is, en it driget net goed te kommen mei it berntsje, dan kin it 'Moeder&kind-huis' yn Goutum in helpende hân biede. It giet dan meast om jonge memmen mei in ferstanlike beheining of psychiatryske problemen. Gerwin en Minke van Dam biede tydlike help oan memmen en har jonge bern, wêrby't net altyd dúdlik is oft dizze memmen self harren berntsje yn de takomst grutbringe kinne. Se wenje sels mei har fjouwer bern ek yn it hûs. Bysûnder, en derom seagen we hoe't it no, njoggen moanne nei 't de earste memmen by har kamen te wenjen, mei harren giet.

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)