Buro de Vries fan 20 april 2014, 11:00

Nostalgywykein, ek by Buro de Vries. We sjogge werom op 'plan A en D', plannen oangeande de seedyk. It soarge ein jierren '70 foar in soad diskusje * Joadske famyljes yn Ljouwert (3) * Sosjolooch Paul Schnabel * YM * Sjouke Lousma Underweis * Kollum Tjalling van der Goot * Minút fan Nyk

"Plan A en plan D"

It ferskuorde Fryslân suver yn de jierren '70, de diskusje oer Plan A - Plan D: it wol of net ynpolderjen fan Noard-Fryslân bûtendyks. Yn dit Nostalgy-wykein sjocht it Buro werom op dy diskusje. Op 'e dyk oan it Noarderleech treffe we boer, wetterskipsman en politikus Herre Kingma en publisist en sosjaal geograaf Meindert Schroor.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jan Punter fan De Hoeve.

Joadske famyljes yn Ljouwert (3)

Hjoed de tredde ôflevering yn de rige oer Joadske famyljes yn Ljouwert. Op 4 maaie kin je in rûte rinne en de huzen besjen dêr't Joadske gesinnen wenne ha. Sa wenne de hannelsfamylje Van Adelsberg op it adres Bij de Put 8. William Vermaning sil dêr it ferhaal fertelle oer dit gesin dat omkaam yn Auschwitz.

www.openjoodsehuizen.nl

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed: De mûnder fan de Achlumer mole past net allinnich op de mole mar ek op it prachtich restaurearre húske fan oud NOS-korrespondent Haye Thomas. Hy wurke yn Washinton en Londen en brocht de simmers by de mole troch tusken Hitsum en Achlum.

De miening fan ....Tjalling van der Goot

Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed troch advokaat Tjalling van der Goot.
www.akerenanker.nl

"Ouderen uit het westen zullen hier niet snel gaan wonen"

Hoe sjocht ús takomst der út en kinne we dêr yn stjoere? Dy fraach hat jierrenlang deistige kost west foar prof. dr. Paul Schnabel, doe't er direkteur wie fan it 'Sociaal en Cultureel Planbureau'. Dit ynstitút docht wittenskiplik ûndersyk en rapportearret oan it regear, Earste en Twadde Keamer en tal fan oare organisaasjes. Fan 'e wike wie Schnabel yn Beetstersweach foar de Van der Wielen-lêzing. It Buro trof Schnabel dêr, foar in petear oer de takomst fan it lân, de rol fan it yndividu en de kânsen foar Fryslân.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed:
http://www.nykdev.nl/

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)