Buro de Vries fan 2 novimber 2014 11:00

It is de 'Wike fan de Soarch' by Omrop Fryslân. Buro de Vries stiet alhiel yn it teken fan dit tema en komt streekrjocht út sûnenssintrum Sûnenz yn Drachten wei.
Anke Huizenga fan Zuid Oost Zorg is mei de inisjatyfnimster fan it sûnenssintrum Sûnenz. Sy sil mear fertelle oer it hiele konsept fan dit fernijende sintrum.
Fansels wurde ek de brûkers fan it sintrum frege nei har erfarings.

Yn it saakkundige-panel dat ynformaasje jaan sil oer de feroarings yn it soarchstelsel yn 2015 sitte Margreet de Graaf fan soarchbelang Fryslân, wethâlder Sjoerd Tolsma fan de gemeente Súdwest-Fryslân en Roeli Mossel, ien fan de direkteuren fan soarchgroep Palet.

De live muzyk komt fan it duo Die Twa, besteande út Krijn en Jacob Dijkstra. Krijn Dijkstra sil net allinne sjonge. Hy sil ek fertelle oer syn wurk yn de soarch en syn lietsjesprogramma foar senioaren.

Yn it sjoernalistefoarum de fêste foarumleden Wini Weidenaar en Romke Postma en as gastfoarumlid skoot oan professor Aukje Nauta fan de Universiteit fan Amsterdam. Sy is saakkundich op it mêd fan arbeidsferhâldingen en sil yngean op de gefolgen fan it nije soarchstelsel foar wurknimmers yn de soarch. Ek oare ûnderwerpen dy't ôfrûne wike yn it nijs wiene komme oan bod yn it nijsfoarum.

De kollum komt fan ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma en it Buro wurdt ôfsletten mei wer in ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries.

Buro de Vries op lokaasje

We komme streekrjocht út âldereinsintrum Sûnenz yn Drachten wei. Mei in ferskaat oan gasten sjogge we nei de takomst fan de soarch.

Direkteur Margreet de Graaf fan Zorgbelang Fryslân

Direkteur Margreet de Graaf fan soarchbelang Fryslân is ien fan de saakkundigen yn it panel dat ynformaasje jout oer it nije soarchstelsel.

Muzyk fan Die Twa

Krijn en Jacob Dijkstra fersoargje de muzyk dizze útstjoering

De minút fan Nyk

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)