Buro de Vries fan 2 maart 2014, 11:00

Wy wolle graach witte wat jo fan ús programma's fine. Mail jo op- en/of oanmerkings nei burodevries@omropfryslan.nl. Ek foar in goeie tip!

"We hearre de boskûle net mear"

"We missen de roep fan de bosuil in het bos bij Fogelsangh State, vorig jaar twee broedgevallen. De oude beukebomen waar ze toen zaten zijn met de oktoberstorm gesneuveld" en "Ook de ijsvogels bij de vijver in het bos nog niet gezien. Jammer"
Dat twittere natoerman Henk Bosma ferline wike. Hy wurket as frijwilliger op lânguod Fogelsangh State by Feankleaster en syn tweets makken ús op it Buro suver wat mankelyk. We troffen Bosma yn de bosk om de skea op te nimmen.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Rienk Boskma fan Burgum.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.
Fan 'e moarn treft hy yn it fjild by Wâldsein in mollefanger dy't jierliks 1300 mollen fangt en dat docht hy al 50 jier.

De miening fan...Gerrit Breeuwsma

Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed fersoarge troch Gerrit Breeuwsma, ûntwikkelingspsycholoach yn Grins.
www.gerritbreeuwsma.nl

"In hoop Dútsers saten an de ferkearde kant, mar ik niet"

Karel Jongsma is frijwillich mûnder op De Zeldenrust yn Dokkum. Dat is de monumintale mûne op it Bolwurk dy't altyd yn byld komt as by de alvestêdetocht de riders de stêd yn en út ride. Jongsma is in echte Dokkumer, mar wat in soad minsken net witte is dat syn widze net yn 'e Bonifatius-stêd stie, mar yn Dútslân. Syn namme wie doe ek net 'Karel Jongsma', mar Karl Heinz Friedrich Wendel. Nei de Twadde Wrâldoarloch ferhuze hy mei syn mem fan Dútslân nei Dokkum. Yn Buro de Vries fertelt hy watfoar ynfloed syn Dútske eftergrûn hân hat op syn libben.

Link nei de mûne: www.monumentenbehouddongeradeel.nl

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed:
http://www.nykdev.nl/

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)