Buro de Vries fan 2 juny 2019 11:00

    * De misje fan Amos dos Santos;
    * Hendrik ten Hoeve en Germ Gerbrandy oer nut en needsaak fan de Earste Keamer;
    * Yn Memoriam: Kees Hotsma;
    * It Oersjoch fan de Wike; en
    * It Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Marijke Roskam en Germ Gerbrandy.

    Frenk dos Santos: man mei in misje

    Op syn tredde waard Frenk dos Santos adoptearre en kaam yn Fryslân terjochte. De 36-jierrige artyst hat in bewogen libben hân mei troch syn adopsje. Nei 33 jier sil yn yn july werom nei Brazilië dêr't syn widze stie. Om bern yn favela's te helpen. Mei foaral muzyk. Muzyk en bern is ek wat him hjir yn Fryslân dwaande hâldt.

    Dos Santos hat de 'Sterrenfabriek'. Yn dat fabryk leare bern tusken de 8 en 18 jier muzyk en oare kreative dingen. Om selsfertrouwen op te bouwen en steviger yn it libben te stean. En fansels om plezier te hawwen. Dat wol hy de bern yn drege omstannichheden yn Rio de Janeiro aanst ek bybringe.

    Frenk dos Santos wie trije doe't hy op it fleantúch nei Nederlân set waard. Yn de winter fan 1986, ien fan de kâldsten fan de lêste desennia kaam it jonkje oan. In skok foar him. Kwa temperatuer en kultuer. Hy wit it noch goed. Sa fertrietlik as hy wie en hoe kâld it hjir wie.

    De jonge Frenk kaam yn in adopsjegesin yn Fryslân mar dat gie net goed. Neffens him wie it gjin goed gesin. Syn jeugd wie traumatysk dêrtroch. Gjin waarmte en gjin thúsfielen hiene as gefolch dat hy op syn 14e fuortrûn. Hy kaam wol yn in waar pleechgesin mar koe dêr as puber net goed mei omgean. Op syn 16e gie hy it hûs út. Dêrnei gie it lang skoft min mei Frenk. Hy rekke ferslaafd en wie swalker. Hy libbe op 'e strjitte.

    Frenk wie ien fan de 'yllegaal' adoptearre bern yn Nederlân. Der is neat bekend oer syn biologyske femylje. Dat is in gat yn syn wêzen en dreech te akseptearjen, mar stadich oan pakte hy syn libben wer yn eigen hân en no giet it hiel goed. Altyd hat hy yn 'e holle hân dat hy jongeren helpe woe. Hjir mar úteinlik ek yn syn bertelân. En no is it aanst safier. Yn july sil hy nei Brazilie. Earst nei syn bertedoarp. Dêr wol hy fiele hoe't it is om werom te wêzen yn syn berteplak.

    Dos Santos sil sjen oft der in mooglikheid is om in soarte fan susterstêd mei syn berteplak Salvador te krearen. Dat is in kwesje fan lange azem, mar dy hat hy. Mei Brazilianen moatte je geduld hawwe seit Frenk, dat wit hy fan himsels.

    De hope op it finen fan syn biologyske famylje hat hy op de achtergrûn set. Dêr hat hy al tefolle teloarstellings oer hân. Mar tusken minsken wêze dy't syn genen hawwe is al in hiel moai foarútsjoch. Hy kin der no al blier fan wurde. It lytse fertrietlike jonkje fan trije komt as folwoeksen en sterke man werom. En net allinnich foar himsels mar benammen foar de bern dêr.

    De reis en it frijwilligerswurk wurdt betelle mei troch crowdfunding. Dos Santos is holpen troch ynsammelaksjes fan basisskoalle Oldenije yn Ljouwert mar ek mei oare donearaksjes. Op 8 juny is der ek in benefytfeest om ekstra jild yn te heljen. Dat is yn sealen Schaaf yn Ljouwert.

    OSF: dochs wer in FNP'er yn de Earste Keamer

    Wat is de Earste Keamer eins en wat dogge se dêr? En wêrom kieze we de leden net streekrjocht, mar fia de Provinsjalen Steaten? Dizze wike waar de nije keamer keazen en der feroare in soad. De Onafhakelijke Senaats Fraktie (OSF), dêr't ek de FNP yn meidocht, hold lykwols syn iene sit. Kommende (Germ Gerbrandy) en geande man (Hendrik ten Hoeve) bin te gast by it Buro. 

    Oersjoch fan de wike

    In subjektyf oersjoch fan de ôfrûne wike troch René Koster

    It Nijsfoarum

    It nijs fan de wike wurdt ditkear bepraat troch

    - FNP'er Germ Gerbrandy fan de OSF-fraksje yn de Earste Keamer;

    - Harry van der Molen, Twadde Keamerlid foar it CDA; en

    - Marijke Roskam, PvdA-steatelid yn Fryslân.

    Yn Memoriam: Kees Hotsma

    Yn Memoriam fiert it libben. Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Kees Hotsma.

    11:07 - Amy Macdonald - This Pretty Face
    11:25 - Eddy Dykstra - Operator
    11:45 - Extreme - More Than Words
    12:06 - Mavericks - Here Comes My Baby
    12:14 - Duncan Laurence - Arcade

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)