Buro de Vries fan 2 july 2017 11:00

* Johan de Haan is de baas fan de kolleksje fan paleis Het Loo * Gerard van Klaveren is mei pensjoen * Nijsfoarum mei Anke Bijlsma, Otto van der Galiën en Isabelle Diks.
Presintaasje: René Koster.

As ik moarns de oprydleane opryd tink ik: "Wat is dit moai"

  • As ik moarns de oprydleane opryd tink ik: "Wat is dit moai"

It iene wurkplak sprekt mear ta de ferbylding as it oare. Wat te tinken fan paleis Het Loo, yn Apeldoorn. In keninklik paleis út de 17e iuw mei in unike, symmetrysk oanleine, tún; In wurkplak dat net foar elkenien weilein is. Wol foar Johan de Haan. Dizze Fries om utens, hikke en tein yn Beetstersweach en Boalsert, is sûnt twa moanne haadkonservator fan de folsleine kolleksje fan museum paleis Het Loo. In dreambaan, mar wol mei in kanttekening: per jannewaris giet it paleis trije jier ticht foar in grutte renovaasje en útwreiding.
www.paleishetloo.nl

"Ik was vroeger in heel verlegen jongetje"

  • "Ik was vroeger in heel verlegen jongetje"

Boargemaster, wie hy, en makeler, en deputearre, en rieds- en steatelid, mar van nature wie it mar in bleu en skruten baaske: Gerard van Klaveren. Ferline wike naam er ôfskied as boargemaster fan Weststellingwerf. Yn Buro de Vries sjogge we mei him werom. En dan giet it net allinnich oer polityk en iepenbier bestjoer, mar ek oer syn fassinaasje foar motorriden, Yslân en de muzyk fan Cuby & the Blizzards.

Nijsfoarum mei Anke Bijlsma, Otto van der Galiën en Isabelle Diks

  • Nijsfoarum mei Anke Bijlsma, Otto van der Galiën en Isabelle Diks

11:06 - Dimitri Van Toren - He Kom Aan
11:23 - Beach Boys - Sail On Sailor
12:10 - Lost Frequencies Ft. Janieck Devy - Reality
12:17 - Corrs - Old Town

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)