Buro de Vries fan 2 febrewaris 2020 11:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    Harkspul: "de 11stêdetocht fan Abe Halma"

    Amateur-toanielspilers út Jorwert makken ûnder lieding fan Buro de Vries-kollega Geartsje de Vries ferline jier in harkspul. As basis waard in ferhaal fan Hylke Speerstra oer in Alvestêdetocht nommen. Geartsje bewurke it ferhaal sa dat it as harkspul opnommen wurde koe en op it 150-jierrich jubileum fan de iisklup fan Jorwert ferline jier waard it harkspul as podcast oanbean. It past prachtich yn de iiswike dy't wy fannewike by de Omrop hâlde.

    IIsfoarum oer ferline en takomst fan de Fryske iiskultuer

    Om't it dizze wike 'IIswike' is by de Omrop, gjin nijsfoarum mar in 'iisfoarum'. Mei oan tafel:

    Sippy Tigchelaar, âld-reedrydkampioen en al jierren bestjoerlik belutsen by de KNSB;

    Sytse Kroes, iismaster;

    Wiebe Wieling, foarsitter fan de keninklike feriening 'De Friesche Elf Steden'; en

    Hedman Bijlsma, reedryd-histoarikus.

    Hoe komt it mei de Fryske reedrydkultuer, no't we kwealik mear winters ha? It foarum bûcht him deroer!

    Leafde en langstme

    Oft se no jong as âld binne, reedriders langje nei wer in moaie winter mei in moaie iisflier yn sleatten, fearten en marren. De âldere generaasjes wit noch hoe't dat wie, de jongste riders witte kwealik wat bûtenriden echt is. En dochs dreamt ek de binnendoargeneraasjeriders fan swalkjen troch de provinsje oer de Fryske wetters.

    Yn Memoriam

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Oene de Haan.

    11:07 - Travis - Flowers In The Window
    11:26 - Inez Timmer - Echte Man
    12:08 - Corrs - Love To Love You

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)