Buro de Vries fan 2 desimber 2018 11:00

    * it nije bestjoeren, diskusje mei Avelien Haan, Pieter de Kroon, Piet Fortuin * Yn Memoriam Akke Lautenbach * it wikeoersjoch * it foarum mei Rendert Algra, Rinus Buising en Ira Judjovskaja

    tafersjoch yn de publike en semy-publike sektor

    Hoe stiet it der foar yn bestjoerend Fryslân en Nederlân. Wa ha de toutsjes yn 'e hannen en hoe lûke se der oan? De lêste tiid komme der hieltyd faker misstannen of yn alle gefallen saken nei foaren dêr't je je by ôffreegje, hoe kin dat no gebeure? Wêr wiene de bestjoerders en wêr wiene tafersjochhâlders? Avelien de Haan is dosinte oan de Thorbecke akademy, Piet Fortuin, foarsitter fan CNV fakminsken en Pieter de Kroon, foarsitter fan de ried fan komissarissen fan de KNSB en earder lid fan de ried fan kommissarissen fan Caparis, binne te gast en diskusearje meiinoar oer dit ûnderwerp.

    YM: Akke Lautenbach

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Akke Lautenbach.

    it wikeoersjoch

    In persoanlike blik fan it nijs fan de ôfrûne troch Simone Scheffer

    it nijsfoarum mei Rendert Algra, Rinus Buising en Ira Judjovskaja

    It nijsfoarum bepraat en diskussearret oer it nijs fan de ôfrûne wike. Dizze kear skowe oan:

    Rendert Algra, foarsitter fan it BFVW en steatelid foar it CDA

    Rinus Buising, listoanfierder fan Provinsjaal Belang Fryslân

    Ira Judjovskaja, artistyk lieder fan Tryater

    11:09 - Van Morrison - Stop Drinking


    12:09 - China Crisis - Wishful Thinking
    12:17 - P!Ink - A Million Dreams

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)