Buro de Vries fan 2 augustus 2020 11:00

    * Apen en Bearen, it Buro yn it wyld * Bokwerter Belang * Bijen en Bijkers * Simmergast: Nutte van Belzen

    Nutte van Belzen, ûndernimmer én dokter

    De 27-jierrige Nutte van Belzen wurket yn it MCL op de ôfdieling neurology en dêrnjonken wurket er yn syn eigen bedriuw: CC Diagnostics. In bedriuw dat in nije test foar baarmoederhalskankerdiagnostyk ûntwikkelet. Mei dit bedriuw wûn hy yn 2019 de JOP: de Jonge Ondernemings Prijs. Doe't er dwaande wie mei syn stúdzje genêskunde yn Grins, rjochte hy yn 2016 de start-up CC Diagnostics op. Yn dit bedriuw wurket er oan nije metoades om hiel betiid baarmoederhalskanker op te spoaren. Dat die er mei twa oare studinten fan de RUG. Underwilens is ôfskied nommen fan dy oare studinten en wurket Nutte no mei Arnoud Huisman dy't in soad ûnderfining hat binnen de Life Sciences-yndustry. Yn it MCL wurket er as dokter-assistint neurology. Dat er op sa'n jonge leeftiid al ôfstudearre is, komt trochdat er in betide learling wie en op de basisskoalle in groep oerslein hat. Sadwaande begûn er op 17-jierrige leeftiid al mei de stúdzje genêskunde en wie er op syn 23ste ôfstudearre.

    11:09 - Venice - One Quiet Day
    11:24 - Gerry & Pacemakers - Don't Let The Sun Catch You Crying
    11:44 - Sipke De Boer - Episoade Muzykara
    11:54 - Crowded House - Weather With You
    12:28 - Enya - Only Time
    12:51 - Dire Straits - Brothers In Arms

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)