Buro de Vries fan 2 april 2017 11:00

* Jagers telle reeën * Wa wie Domela * YM Jan Siek Zeilstra * Nijsfoarum mei Gert-Jaap van Ulzen, Gerrit de Boer en Marieke Velling.
Presintaasje: Simone Scheffer

Domela ûnder it stof wei

  • Domela ûnder it stof wei

Ferdinand Domela Nieuwenhuis. Hast hûndert jier nei syn dea, is 'er noch altyd in begryp. Rûnom drage strjitten syn namme en op It Hearrenfean sit sels in Domela Nieuwenhuis museum. Mar Domela stiet ûnder druk. Jonge minsken witte kwalik noch wa't hy wie, lit stean wêr't er foar stie. En ek de takomst fan it museum is ûnwis. It Buro gie op ûndersyk út. Ut it argyf hearre we minsken dy't eartiids opgroeiden yn èchte Domela-húshâldingen; en yn Nij Beets treffe we histoarikus Johan Frieswijk. Domela moat ûnder it stof wei, is syn boadskip.

Jagers telle dit wykein reeën

  • Jagers telle dit wykein reeën

Dit wykein ha Fryske jagers reeën telt. Dus net it fjild yn om te sjitten, mar om te tellen. Wy gongen in jûntsje mei jager Titus Sijmonsma fan Jirsnum mei. Learzens oan, legergriene reinjas oan, want ja, we wolle net opfalle yn it fjild. Ferkeard tocht, we hienen de lakskuon wol oanhâlde kinnen.
Oer likernôch in moanne binne alle gegevens ferwurke en witte we hoe it der foar stiet mei de ree yn Fryslân.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jan Siek Zeilstra.

Nijsfoarum mei Gert-Jaap van Ulzen, Gerrit de Boer en Marieke Vellinga

  • Nijsfoarum mei Gert-Jaap van Ulzen, Gerrit de Boer en Marieke Vellinga

11:07 - Jack Johnson - Upside Down
11:19 - Zucchero Fornaciari - Madre Dolcissima
11:35 - De Kast - Op 'e Fyts
11:52 - Frederique Spigt - Mijn Hart Kan Dat Niet Aan
12:07 - Douwe Bob - Slow Down
12:13 - Marco Borsato - Afscheid Nemen Bestaat Niet

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)