Buro de Vries fan 19 oktober 2014 11:00

    Dizze snein ien oerke Buro de Vries yn ferbân fan de derby SC Hearrenfean-SC Cambuur.
    Yn dat oerke de natoerwurkdei yn de Alde Feanen, in sfearferslach fan in opnamedei fan de Fryske film Bak, YM oer âld-reedrydkampioene Tine de Vries en Hylke Speerstra lêst in fragmint foar út syn nije boek "Op klompen troch de Dessa".

    De natoerwurkdei yn de Alde Feanen

    • De natoerwurkdei yn de Alde Feanen

    De Natoer. Wy fan it Buro binne der de gek op.
    Moarns ier en betiid, oerdeis of nachts: wy lûke der graach op út. Meastentiids mei in saakkundige, om der noch mear fan te begripen. Mar wa't tinkt dat de natoer him sels wol rêdt, makket in misrekken. As wy de natoer net 'beheare' soene, rint it op in soad plakken út de hân.
    Dat is it wurk fan de 'natoerbehearder', mar meikoarten kinne jo ek sels mei helpe. Op sneon 1 novimber is it de lanlike natoerwurkdei en ek yn Fryslân kinne we op tal fan plakken de hannen út de mouwen stekke. Ien fan de lokaasjes is De Alde Feanen by Earnewâld. Wy seagen al fêst wat der allegear barre moat mei Germ van der Burg fan it Fryske Gea.....

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: âld-reedrydkampioene Tine de Vries.

    De earste Fryske filmthriller 'Bak'

    • De earste Fryske filmthriller 'Bak'

    De earste Fryske thriller is yn produksje. De spannende film 'Bak', basearre op it boek fan Ljouwerter Krante-sjoernalist Sietse de Vries. Makke troch "Willewurk" filmwurken, mei professionals, mar ek in soad frijwilligers. Bak sil fertoand wurde yn filmhuzen en as miny-searje by Omrop Fryslân. Mar safier is it noch net. De opnamen binne krekt makke, Buro de Vries wie op ien fan de opnamedagen.

    Hylke Speerstra lêst foar

    • Hylke Speerstra lêst foar

    Hylke Speerstra komt ynkoarten mei in nij boek: 'Op klompen troch de Dessa'. Speerstra hat ferhalen fan âld Ynje-striders optekene. Yn de moanne oktober alle sneinen in fragmint út ien fan dizze ferhalen. Dizze kear in ferhaal oer Theunis de Boer


    12:15 - Survivor - Eye Of The Tiger

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)