Buro de Vries fan 19 maaie 2019 11:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    De holocaust fan Sinti en Roma: in tentoanstelling

    19 maaie is it 75 jier lyn dat 245 sigeuners deportearre waarden nei ferneatigingskampen. Se wiene op 15 maaie 1944 allegear oppakt by in grutte razzia en nei Westerbork ôffierd. Dêr ha se mar trije dagen west. Dit jier is der foar it earst yn Westerbork in betinking fan Sinti en Roma. Keunstner Ron Glasbeek is al sûnt syn bernejierren fassinearre troch it libben fan sigeuners. Hy hat in tentoanstelling makke oer harren ferfolging yn de Twadde Wrâldoarloch. Dy tentoanstelling mei skilderijen yn in sepia-achtige kleur is op dit stuit yn galerie Bas10 yn Snits. It Buro gie mei de keunstner de skilderijen by del.

    Op 19 maaie sil Ron Glasbeek útlis jaan oer syn wurk yn de galerie. Stochelo en Mozes Rosenberg trede op en foarôfgeand wurdt de film Django fertoand by Cine Sneek. Sjoch op 
    Mear ynformaasje op de facebooksite fan Bas10 https://www.facebook.com/BeeldendActiefSneek/

    "Ik denk wel dat het een roeping is, ja"

    De Remco Hoogma wurdt pryster: "Ik denk wel dat het een roeping is, ja"

    Op sneon 18 maaie wurdt Remco Hoogma (32) yn de Grinzer Sint Jozefkathedraal ta pryster wijd. In dei letter sil hy yn de Sint Martinustsjerke fan Snits syn earste Hillege Mis opdrage. Dat wylst hy eins in hiele oare karriêre foar eagen hie: hy is ôfstudearre yn Technyske Bedriuwskunde en Ekonomy. Wat brocht him ta it beslút foar it prysterskip te gean? Wat driuwt him yn it leauwen? Hoe sjocht hy syn taak en hat er ambysje om biskop of -wa wit- paus te wurden? En kinne je je noch thús fiele yn in tsjerke dy't sa faak yn ferbân brocht wurdt mei misbrûk en ûnderdrukking? It Buro trof de jonge pryster yn de pastory fan Sint-Nyk foar in goed petear.

    Folsleine petear mei Remco Hoogma

    Fansels koe lang net alles dat oan 'e oarde kaam, in plakje krije yn de radioreportaazje. Foar yntressearren is hjir dêrom ek it folsleine petear te hearren.

    Yn Memoriam: Annette Dam

    Yn Memoriam fiert it libben. Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Annette Dam..

    It nijsfoarum

    Yn it nijsfoarum beprate we de aktualiteit fan de ôfrûne wike yn Fryslân en de rest fan de wrâld. Dizze wike bestiet it foarum út sjoernalist fan Omrop Fryslân Onno Falkena, Fenna Feenstra, kandidaat foar de SP foar it Europeesk parlemint en Otto van der Galien. Hy is nij bestjoerslid fan it wetterskip Fryslân en riedslid foar Lijst 058 yn Ljouwert.

    Wat fine se fan de nije boargemaster fan Ljouwert, Sybrand van Haersma Buma? Hoe sjogge se nei de ferkiezings yn Europa en wat wolle de kandidaten foar Fryslân berikke yn Brussel? Dy fragen sille wis beantwurde wurde yn it foarum. Mar ek oare aktuele saken komme oan 'e oarder.

    Wike-oersjoch

    It wie de wike fan de spanning oer wa wat en hoe.

    11:08 - Police - Seven Days
    11:26 - Rod Stewart - (Your Love Keeps Lifting Me) Higher And Higher
    11:46 - Jelena Jakubovitch - Gypsies Riding Home
    12:07 - Pasadena Dream Band - Zandvoort
    12:15 - Alvaro Soler - Loca
    12:23 - Douwe Heeringa - Rosa Montes

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)