Buro de Vries fan 19 juny 2016 11:00

* Briedende stirnsen op it dak fan it Nordwin College * YM Janny Velde * Klassike Keunst fan Fryske Froulju yn Museum Opsterlân * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Tjalling van der Goot * Burn-out by jongeren, dokumintêre fan Annagreet Miedema * Us Doarp (slot)

Koloanje op it dak

Op it dak fan it Nordwin kolleezje yn Ljouwert briedt al in pear jier in grutte koloanje wite stirnsen, visdieven. Van Hall Larenstein stiet njonken it Nordwin en studinten fan Van Hall Larenstein bestudearje dizze populaasje. Dat dogge se troch it gedrach fan de koloanje middels kamera's goed yn de gaten te hâlden. De bylden fan dy kamera's kinne fia in livestream folge wurde.

It Buro gie mei twa dosinten, Christa van der Weyde en Jelmer van Belle op in plato stean, dat moai útsjoch jout op it dak mei de wite stirnsen.

De livestream mei de briedende wite stirnsen is te folgjen fia de site fan it kenniscentrum burgers en biodiversiteit: http://www.hetkbb.nl/projecten/visdieven

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet hy it libben fan Janny Velde fan Oerterp oer.

Klassike keunst fan Fryske Froulju

Ans Smits, Garbriëlle Westra, Cis vd Meer en Janneke vd Berg-Schreier: fjouwer Fryske froulju dy't op de klassike wize skilderje. Alle fjouwer ha studearre oan de 'Klassieke Academie voor Beeldende Kunst' yn Grins. Dy akademy bestiet 10 jier en fiert dat mei in saneamde ekposysjemanifestaasje ûnder it biedwurd 'De Klassieke Salon'. It giet om útstallings op sa'n 18 lokaasjes yn Noard-Nederlân en Ost-Friesland. Wy seagen mei twa fan de fjouwer Fryske froulju by harren 'klassike salon' yn museum Opsterlân op 'e Gordyk.

De útstalling 4 Fryske Froulju is noch oant 10 july te sjen yn Museum Opsterlân op De Gordyk. https://www.museumopsterlan.nl/3-juni-10-juli-klassieke-salon-4-fryske-f...

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt. Yn Weidum fynt hy yn in garaazje in auto; in selsmakke, selsgearstalde oldtimer.

Jong al in burn-out

Hoe komt it dat hieltyd mear jongeren in burn-out krije? Hoe kin it dat in studint folsein opbaarnd rekket? Annagreet Miedema oerkaam it. Se makke der in reportaazje oer weryn se har eigen ferhaal fertelt. Se praat mei har mem, dy't it oan seach kommen omdat se sels in burn-out hân hie. Har freon warskôge har op syn wize, mar se woe de sinjalen net sjen. Aspekten dy't se ek werom sjocht yn it ferhaal mei Kim, in studinte dy't lykas har ek in burn-out krige. Fierder komme ferskillene saakkundigen oan it wurd dy't allegear sjogge dat it in groeiend probleem is dêr't we de eagen net foar slute moatte.
Annagreet Miedema studearret sjoernalistyk oan Windesheim yn Swolle. Dizze radiodokumintêre is har ôfstudearprojekt.
https://jongburnoutblog.wordpress.com/

Us Doarp (slot)

Sûnt augustus folgje we de doarpen yn De Trynwâlden. We seagen by doarpsbewenners, korporaasjes, ûndernimmers en organisaasjes en ûntdutsen tal fan inisjativen om de regio dêr leefber te hâlden. Hjoed slute we ús syktocht nei 'doarpen-twa-punt-nul' ôf, dêr't er begûn: by de Stifting Doarpswurk yn Raerd.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)