Buro de Vries fan 19 febrewaris 2017 11:00

Aktrise Anke Bijlsma follet dizze snein de Stimwizer yn * Sjoerd de Wit fan Harns: 53 jier garnalefisker west * YM Meindert Tiemersma * Nijsfoarum mei Foppe de Haan, Arjen Mintjes en Geert Schaaij.
Presintaasje: Simone Scheffer.

De Stimwizer mei Anke Bijlsma

  • De Stimwizer mei Anke Bijlsma

"Ik gean it havengat nea wer út. It is oer"

  • "Ik gean it havengat nea wer út. It is oer"

De HA-18 is ferkocht. Nei mear as fyftich jier hâldt garnalefisker Sjoerd de Wit fan Harns der mei op. Net stadich oan wat minderje, mar radikaal. Fan de iene dei op 'e oare. We troffen de markante Harnzer fiskerman oan de Suderhaven dêr't syn kotter altyd lei, alteast: as se net op see wiene.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Meindert Tiemersma.

Nijsfoarum mei Foppe de Haan, Arjen Mintjes en Geert Schaaij

  • Nijsfoarum mei Foppe de Haan, Arjen Mintjes en Geert Schaaij

11:06 - Lily Allen - 22
11:19 - Joe Jackson - Stranger Than You
11:33 - Marit - Libbenstier
11:45 - Jamie Cullum - Don't Stop The Music


12:08 - Adele - Hello
12:15 - Ocean Colour Scene - Up On The Down Side

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)