Buro de Vries fan 19 augustus 2018 11:00

    Buro de Vries sit dizze simmer op it doarpsplein. Yn dit jier fan LF2018 sille wy op syk nei de doarpsmienskip. Hjoed binne Simone Scheffer en René Koster yn Eanjum.

    Eanjum yn it noardeasten fan ús provinsje, is ien fan de âldste doarpen fan Fryslân. Om it jier 1000 hinne boude in sekere Ane in terp foar syn hiem en sa is 'Anigheim' ûntstien, wol it ferhaal. Byldbepalers yn it doarp binne benammen de grutte Michëlstsjerke en nôtmûne De Eendragt út 1898, dêr't no ek in museum yn sit.

    Noardeast-Fryslân stiet bekend as krimpregio, mar Eanjum hâldt him dêryn op bysûndere wize steande. In nije ympuls kaam fan rekreaasjepark Esonstad by De Skâns (Eastmahorn). En mei stipe fan de NAM, dy't in boarlokaasje by it doarp hat, is Eanjum koartlyn bot opkreaze. In grut part fan it fertutearze, rommelige sintrum is sloopt om plak te meitsjen foar MFA De Dobbe. Yn it kompleks binne ek kantoaren fan de NAM ûnderbrocht. Dochs is net elk like wiis mei dizze gearwurking, want as der dalik skea is troch de gasboarringen, ha je dan noch wol de hannen frij om kritysk nei de NAM sjen?

    De rekreaasje is in hieltyd wichtiger ekonomyske pylder fan it doarp. Njonken it grutskalige Esonstad binne yn doarp en omkriten en in soad lytsskalige rekreaasje-inisjativen ûntwikkele. De toerist wit Eanjum hieltyd better te finen en bliuwt der ek langer. In aspekt dat wis yn it programma oan de oarder komt, krekt as de ferrassende keatswinst fan Eanjum op de Freule fan dit jier, it ferhaal fan en efter it ferneamde boek 'De smokkelaars van de Schans'; en it mysterieuze 'hûnegat' by de tsjerke. Dat der ek noch muzyk yn it doarp sit, bewiist it piratekoar mei in optreden. Fansels spilet ek it ferline in wichtige rol yn it programma. Op it bushokje fan it doarp litte nostalgyske foto's ek in part dêr fan sjen, lykas it einstasjon fan it legindaryske Dokkumer Lokaaltsje. Ek de tekst it doarpsliet is op dat buskhokje te finen:

    Lit ús tinke oan âlde tiden
    Tiden fol fan soarch en noed
    Mar dêr by ek blide wille
    Want dy sit út yn it bloed
    Wêr't wy troch de tiden hinne
    Geslachten komme, geslachten gean
    Meiinoar toch Eanjumers binne
    Eat wêr't wy altyd foar stean

    Buro de Vries op it doarpsplein fan Eanjum is der snein fan 11 oant 13 oere live op de radio by Omrop Fryslân. Yn it doarp binne we dan te gast by 'Iterij by de Mûne'.

    11:09 - Wind Earth & Fire - And Love Goes On
    11:23 - Rudimental Ft. Jess Glynne & Macklemore - These Days
    11:38 - Piter Wilkens - Oeral Op'e Wrald
    12:10 - Alvaro Soler - Sofia
    12:26 - John Mayer - New Light
    12:46 - Bio Ritmo - Bin Bin

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)