Buro de Vries fan 19 april 2020 11:00

    Yn Buro de Vries snein 19 april omtinken foar jeugd en corona. Mei psycholooch Gerrit Breeuwsma ha we it oer de gefolgen fan de beheinings, it net nei skoalle gean en it perspektyf fan jongeren yn dizze drege tiden fan corona.
    En ferhalen fan joadske ûnderdûkbern yn de Twadde Wrâldoarloch.
    It nijsfoarum bestiet dizze kear út foarumleden Baukje de Vries (hoarekafrou), Maarten Goudzwaard (steatelid foar FvD) en Tieneke Clevering (Water Natuurlijk, Wetterskipspartij)

    Psycholooch Gerrit Breeuwsma oer kwetsbere jongerein en corona

    Hoe komt it mei kwetsbere jongeren dy't los fan de corona al yn drege sitewaasjes sieten? Psycholooch Gerrit Breeuwsma, ferbûn oan de Ryksuniversiteit makket him soargen oer dizze jongeren en de gefolgen fan de coronakrisis.

    Frisse noas

    Yn tiden fan corona siket René Koster ferhalen fan jo. Hoe komme je dizze tiid troch, wat hâldt je dwaande? Mei jo helje wy in Frisse Noas.

    Kollega René Koster helle by Aldskoat in frisse noas mei de jonge, ambisjeuze ûndernimmer Elyon Kingishi...

    Yn Memoriam

    Alle wiken fertelt Cor Waringa it libbensferhaal fan in Fries of Friezinne dy't ferstoarn is. 

    Yn dizze ôflevering stiet hy stil by it libben fan Marten Postma.

    It wike oersjoch

    Yn it wike oersjoch sjogge we op eigen wize werom op de aktualiteiten fan de ôfrûne wike.

    11:06 - Randy Newman - Short People
    11:20 - Frederique Spigt - Isis
    11:33 - Jan Tekstra - Fan My
    12:09 - Travis - Why Does It Always Rain On Me
    12:18 - Three Degrees - When Will I See You Again

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)