Buro de Vries fan 19 april 2015 11:00

    * As ferpleechkundige wurkje yn ebolagebiet * Yn Memoriam: Gosse Minnema * Marco Reekers makket syn earste spylfilm * Sjouke Lousma ûnderweis op de Kliuw * Kollum fan abbekaat Tjalling van der Goot * De Joadske Ies Leefsma mocht nei de oarloch net werom nei syn Joadske famylje * Eelke Lok syn earste herinnerings oan Jopie Huisman

    Anneke wurke trije moanne yn ebolagebiet

    • Anneke wurke trije moanne yn ebolagebiet

    Sûnt in pear wike is Anneke de Boer fan Snits werom yn Fryslân. Se hat trije moanne yn in sikehûs yn Sierra Leöana wurke, yn in gebiet dêr't ebola hearske. Wy makken tegearre in kuier troch in park yn Snits en wylst fertelde Anneke oer har ûnderfinings dêr.

    It folsleine petear mei Anneke

    • It folsleine petear mei Anneke

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Gosse Minnema.

    Marco makket syn eigen film

    • Marco makket syn eigen film

    Hoe wie it in 1984 om fan it plattelân nei Amsterdam te ferhúzjen. Regisseur Marco Reekers makket der in film oer. Marco wurke earder mei oan produksjes as 'Van God Los', 'Moordvrouw' en 'De geheimen van Barslet', dat opnommen is yn Easterlittens. Hij komt sels ek út Easterlittens en wennet no yn Amsterdam. Foar in part is 'No Future' dus syn eigen ferhaal. Ferslachjouwer Botte Jellema siket him op yn 'e haadstêd…

    Marco hat noch in crowdfunding aksje rinnen, sjoch syn website nofuturefilm.nl. De film sil kommende simmer yn premjêre gean.

    Sjouke Lousma ûnderweis

    • Sjouke Lousma ûnderweis

    Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hy bedarret hjoed op de Kliuw, it krúspunt fan de Slachte mei de Tsjebbingadyk ûnder Hidaard.

    De kollum fan Tjalling van der Goot

    • De kollum fan Tjalling van der Goot

    De kollum komt dizze snein fan Tjalling van der Goot, advokaat by Anker en Anker yn Ljouwert. http://www.ankerenanker.nl/

    Nei de oarloch

    • Nei de oarloch

    As lyts Joads ûnderdûkerke kaam Ies Leefsma yn Fryslân. Hy wenne by in grifformearde famylje yn Drylts. Nei de oarloch moast er dêr bliuwe. Syn Joadske âlden wiene der net mear en de oare famylje woe him wol opnimme, mar syn Fryske pleechâlden woene dat net.
    Mear ynfo oer Ies Leefsma yn:
    - Historisch Tijdschrift FRYSLAN (21ste jaargang, nr.2, maart/april 2015)
    - Museum Opsterlân (de Gordyk)

    It wie....

    • It wie....

    Eelke Lok is in bekende namme by Omrop Fryslân. Hy wurket hjir al hast syn hiele libben en ynkoarten giet er mei pensjoen. Eelke hat in soad meimakke. Genôch om de kommende wiken werom te sjen op syn omrop ferline. Hy sjocht dizze kear werom op it programma '123618', in spultsjeprogramma dat hy sels presentearret.

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)