Buro de Vries fan 18 oktober 2020 11:00


    • Keunstners litte har ynspirearje troch Fryslân;

    • Ferhalen út de GGZ;

    • Kulturiel erfguod op it boerehiem;

    • It oersjoch fan de wike;

    • It Nijsfoarum mei horeka-ûndernimmer Geesje Duursma, CNV-foarsitter Piet Fortuin en FNP-riedslid Aant Jelle Soepboer.


    •  

    Keunstners litte har ynspirearje troch Fryslân

    Fjouwer jier lyn wie yn Tresoar yn Ljouwert in eksposysje mei de titel "besiele troch Alma-Tadema", wêrby't keunstners har ynspirearje litten hiene troch Alma-Tadema. Ferline wike kaam it ferfolch: 'besiele troch Fryslân'. Tritich keunstners fan FRIA eksposearje wurk wêrby't se har ynspirearje litten ha troch Fryslân sels. Lânskippen, tsjerkjes, minsken, it Waad, de loft, it ljocht, de blommen, de kleuren..... it is in grut ferskaat, yn ûnderwerpen en ek yn techniken, mar de ynspiraasjeboarne is itselde: Fryslân. It Buro liet him rûnliede troch twa fan de keunstners: Wim Reimert en Saskia Wagenvoort.

    De tentoanstelling rint noch oant 28 febrewaris 2021.

    Lyts kultureel erfgoed op it boerehiem fûgelfrij?

    Lyts kultureel erfgoed op it boerehiem fûgelfrij?

    Koetshuzen, teekoepels en stinzepoarten, mar ek húskes, hinne- en bargehokkken; it makket allegear diel út fan it kulturiele erfguod op it boerehiem. Fansels, it measte omtinken krijt de pleats sels. Dêr passe we oer it generaal ek goed op. Dat jildt seker net foar al dy bygebouwen. In soad is al fuort, om't it net past by it ekonomysk gebrûk fan de pleatsen. Dêrom moatte we sunich wêze op wat der is noch is. Om't se lywols net op de monumintelist stean, lykje in soad objekten 'fûgelfrij'. Boerderijenstichting Fryslân brekt in lâns foar dat oare erfgoed mei it boek It Fryske boerehiem'fan Rudolf Jan Wielinga en Wiebe Hoekstra.

    It Buro gie mei Hoekstra op besite by de de famylje Terpstra fan Ealsum. Harren pleats, dy't no tsjinst docht as Bêd & Brochje, hat noch in soad fan de eleminten sa't dy eartiids op it boerehiem foarkamen.

    It nijsfoarum

    It Nijsfoarum mei

    - horeka-ûndernimmer Geesje Duursma,

    - CNV-foarsitter Piet Fortuin en

    - FNP-riedslid Aant Jelle Soepboer.

    It oersjoch fan de wike

    De ôfrûne wike sjoen troch de eagen fan René Koster.

    Ferhalen út de GGZ

    De geastlike sûnenssoarch is wichtiger as ea yn dizze tiden fan corona. De mienskip stiet ûnder druk, benammen de kwetsbere minsken. Sawiesa binne der hieltyd mear minsken dy't geastlik yn 'e knipe komme en de soarch hat grutte besunigings ûndergien de ôfrûne jierren. De minsken dy't der wurkje binne lykwols like beflein as altyd. Kollega Miranda Werkman makke in rige mei meiwurkers yn de GGZ. Yn Buro de Vries stjoert fan hjoed ôf 5 wike lang in part fan de podcast dy't te belústerjen binne út. Hjoed Tiny Altena. Se is sosjaal ferpleechkundige en wurket op de intensive home treatment. Dat betsjut dat se minsken thús begeliedt. Al 33 jier wurket se yn de GGZ en hat al hiel wat feroarings meimakke.

    De podcast Fan Binnenút is te finen op de webside en de app fan Omrop Fryslân.

    11:19 - Shara Nelson - One Goodbye In Ten
    11:38 - Nynke Laverman - Your Ancestor
    11:50 - Stranglers - Always The Sun
    11:56 - Frans Halsema - Zondagmiddag Buitenveldert
    12:08 - Eros Ramazzotti - Quanto Amore Sei

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)