Buro de Vries fan 18 oktober 2015 11:00

* Sop fan eigen appels * 'Hiemsiik', nije dichtbondel fan Elmar Kuiper * Reportaazje oer Geert Vledder, makke troch syn pakesizzer * YM Koendert de Groot * Underweis * Kollum Bart Kingma * Doarp (6)

2015 is foar Fryslân in hiel goed appeljier

2800 kilo biologyske apels, dat wie begjin oktober de risping by it plukfeest fan It Griene Nêst yn Sumar en de Spitkeet yn De Harkema. In geweldige opbringst, dy't mar leafst 800 kilo grutter wie as ferwachte. Mar dan? Wat moat je der mei? Dat wie de fraach. En it antwurd komt út Twizel: de apels wurde dêr ferwurke ta ambachtlike appelsop ûnder de namme PUUR 2015.
Dit appelsop wurdt op snein 8 november presenteard op it Fryske Frucht Oogstfeest yn Hotel Tjaarda yn Oranjewâld.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Koendert de Groot.

Do bist de boadskiprinner dy't de pinne fêsthâldt

'Hiemsiik' is de titel fan de nije dichtbondel fan Elmar Kuiper. Elmar Kuiper dichtet net allinnich, mar is ek skilder, filmer, sjonger en performer. It Buro seach yn syn atelier yn Ljouwert hoe´t hy syn eardere skilderwurk oan flarden snien hie, om dy - like raffelich at se wiene - wer ûnderdiel te meitsjen fan nij wurk. Wie dit ôfrekkenje mei it ferline? En fernimme we dat dan ek yn syn poëzij?

"Hiemsiik" fan Elmar Kuiper is útbrocht by Bornmeer, foarmjûn troch Gert Jan SLagter en yllustrearre troch Sjoukje Iedema. De bondel leit fan moandei ôf yn de boekwinkels.

Sjouke Lousma ûnderweis (1746)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed is er yn Weidum.

Kollum fan Bart Kingma

Kollumnist Bart Kingma hat diskear in brief skreaun oan de supporters fan SC Heerenveen, mei de titel 'Bollejeie'.
De kollum is te lêzen op www.demoanne.nl

It dilemma fan Geart Vledder

Geart Vledder wie yn de tiid fan de 'koude oorlog' wethâlder yn Grou. Hy hie yn dy tiid in grut dillemma. Syn pakesizzer makke der in dokumintêre oer.

Us Doarp (6)

Yn de rige Us Doarp bin we alle wiken yn De Trynwâlden. Ferline wike kamen we yn de kunde mei Astrid. Se wennet yn It Lijsket en waard mei de Skewiel Mobyl nei de deibesteging yn It Skewiel yn Oentsjerk brocht. Hjoed folgje we Astrid by har wurk en komme yn 'e kunde mei har kollega's.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)