Buro de Vries fan 18 novimber 2018 11:00

    * Takomstdreamen foar Fryslân

    * 125 jier wrâldskiednis oan it wetter fan de Ljouwert Emmakade

    * Yn Memoriam Siep de Haan

    * It Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Johan Talsma en Jan Waterlander.

    Presintaasje René Koster.

    Takomstdreamen foar Fryslân

    Hoe soe de takomst fan Fryslân der útsjen moatte? Mei dy fraach is it 'Iepen Up-Ding' yn 2018 op reis gien troch de provinsje. It giet om in soarte fan praat-kontainer dêr't elk dy't dat wol, syn takomstwinsk ynsprekke kin. It Buro praat mei Wilke Kolthof en Dineke van der Veen fan Iepen Up en lit in tal fragminten hearre.

    Iepen Up is in multi-disiplinêr programma fan LF2018 oer frijheid, demokratie en diversiteit en benamme bekend fan de wyklikse talkshow út Neushoorn wei.

    Emmakade yn Ljouwert: 125 jier wrâldskiednis oan it wetter

    "Tussen twee bruggen" dat is de titel fan in boek dat de Ljouwerter Henk de Vries makke oer de Emmakade: de bebouwing oan beide kanten fan Het Nieuwe Kanaal. It giet oer de architektuer, de ferneamde bewenners en de bedriuwen dy't der sieten en sitte. Sneintemiddei fertelt er syn ferhaal by in lêzing yn it Historisch Centrum Leeuwarden, mar no dus al by it Buro

    Oersjoch fan de wike

    In úterst subjektyf oersjoch fan de wike troch René Koster.

    Yn Memoriam Siep de Haan

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Siep de Haan..

    It Nijsfoarum

    Dizze mei:

    Houkje Rijpstra, direkteur fan Circulair Fryslân,

    Jan Waterlander, fraksjefoarsitter fan 50Plus yn de Fryske Steaten en

    Johan Talsma, listlûker fan de ELP-Noardeast-Fryslân.

    11:10 - Ronde - Why Do You Care
    11:26 - David Guetta & Sia - Flames
    11:44 - Piter Wilkens - Greideroas
    12:08 - Alasca - 155
    12:16 - Jess Glynne - All I Am

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)