Buro de Vries fan 18 maart 2018 11:00

    Gemeenteriedsferkiezingen: wêr op stimme op It Amelân * Sjen yn it Tsjuster * YM  Folkert Boonstra * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Sipke Hoekstra en Gerrie Rozema * 

    Presintaasje: René Koster

    Ekstra: "Ferhalen fan it Waad" nominearre foar NL-Award.

    Sjen yn it Tsjuster

    Burchwert docht dizze dagen it ljocht út foar de foarstelling ''Sjen yn it tjuster''. It is in earbetoan oan de fiif jier lyn ferstoarne dichter Tsjêbbe Hettinga, dy't yn it doarp hikke en tein is. Doarpsbewenners fertelle it ferhaal fan syn jeugd wêrby't alle sintugen brûkt wurde moatte, behalve it sicht. Want Hettinga wie sa goed as blyn. De foarstellingen binne hielendal útferkocht. Hiene je graach hinne wollen? Mei de folgjende reportaazje kinne je it dochs noch foar in part meimeitsje. It Buro waard troch doarpsbewenners Jennie Wiersma en Aaltsje de Groot meinommen it tsjuster yn.

    It bysûndere politike klimaat op It Amelân

    Gemeenteriedsferkiezingen yn lytse mienskippen as in eilân binne bysûnder. Elkenien kent elkenien, de polityk stiet hiel tichtby. Dat kin posityf wêze én negatyf. Sa hat it ôfrûne jier op It Amelân nochal ûnrêstich west. De koälysje foel en twa riedsleden stapten oer nei in oare partij. Oant 21 maart sitte se noch foar de âlde partij yn de ried en ûnderwilens fiere se kampanje foar harren nije partij. It Buro pakte de boat nei It Amelân om sfear te priuwen sa flak foar de ferkiezingen en om hjir en dêr mei wat minsken te praten. Earst nei de supermerk yn Hollum. Dêr trof it buro wat Amelanners.

    Oersjoch fan de wike

    Makke troch René Koster.

    Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Sipke Hoekstra en Gerrie Rozema

    Harry van der Molen, Twadde Keamerlid CDA

    Sipke Hoekstra, VVD Smellingerlân

    Gerrie Hoekstra, Grienlinks It Hearrenfean

    "Ferhalen fan it Waad" nominearre foar NL-Award.

    Buro de Vries is nominearre foar in NL-Award yn de kategory "Beste Radioprogramma". De NL-Awards binne ûnderskiedingen foar de bêste programma's fan regionale omroppen, We ha de nominaasje krigen foar ús simmerrige "Ferhalen fan it Waad". Hjir de ôflevering dy't wy ynstjoerd hawwe as foarbyld fan de hiele rige. Alle ôfleveringen binne as podcast te beharkjen: https://www.omropfryslan.nl/programma/buro-de-vries-podcast (of sykje ús op yn i-tunes)

    Der binne trije nominaasjes yn dizze kategory en de priisútrikking is woansdei 4 april.

    11:08 - Kt Tunstall - Black Horse & The Cherry Tree
    11:24 - Bebe Rexha Ft. Florida Georgia L - Meant To Be
    11:42 - Sake - Denk An Dy
    11:53 - Eric Clapton - Tears In Heaven (Unplugged)
    12:07 - Dionne Warwick - Heartbreaker
    12:15 - Chef's Special - Nicotine

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)