Buro de Vries fan 18 maaie 2014, 11:00

* Fryske kandidaten foar Europeesk Parlemint
* De jongerein oer de weryndieling yn Noardeast-Fryslân
* Jild foar opknappen einekoaien

Jild foar einekoaien

  • Jild foar einekoaien - Audio: Homme Tjeerdsma (l) en Pyt Inia. Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De einekoaien meitsje prominint diel út fan ús lânskip. Noch wol. Want ekonomysk kin sa'n koai fansels al lang net mear út en ek it koaikers-gilde fergrizet hurd. Mar der bin ek goeie berjochten. Sa hat it Waadfûns mear as twa miljoen euro beskikber steld om fertutearze koaien op te knappen. Dêrby heart ek de partikuliere koai fan Hallum. It Buro luts de learzen oan en seach mei eigner Homme Tjeerdsma en koaiker Pyt Inia hoe de koai der kinne leit....

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen - Audio: eigen foto famylje

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Ottsje de Jong.

Hoe komt it mei de weryndieling fan Noardeast-Fryslân?

  • Hoe komt it mei de weryndieling fan Noardeast-Fryslân?

Stazjêre Margaretha van der Wal hie dit ûnderwerp keazen as ôfstudearopdracht foar har oplieding sjoernalistyk. Fjouwer reportaazjes wiene it resultaat en dit is de tredde. Nei 'doarpsbelang' en 'bestjoerders' komt hjoed de jongerein oan it wurd, in groep dy't foar de takomst fan dizze krimpregio fan grut belang is....

Sjouke Lousma ûnderweis

  • Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De miening fan ...Tjalling van der Goot

  • De miening fan ...Tjalling van der Goot

De kollum komt dizze wike fan advokaat Tjalling van der Goot.
www.ankerenanker.nl

Europeeske ferkiezings yn Frysk perspektyf

  • Europeeske ferkiezings yn Frysk perspektyf

Tongersdei bin de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint en der wurdt net in soad flecht op 'e koai ferwachte. Dochs bin der ek Friezen dy't dêr krekt wòl waarm foar rinne. Bygelyks Friezen dy't sels kandidaat binne. Fan harren sitte der snein fjouwer oan tafel by it Buro: Wiebe Strikwerda (CDA) fan Feanwâlden, Jan Huitema (VVD) fan Makkingea, Fenna Feenstra (SP) fan Snits en Dokkumer Lammert Dijkstra (Art. 50). René Koster praat mei har oer wa't se binne, wat se wolle en wêrom sy krekt sa yntresseard binne yn Europa út it Fryske perspektyf wei.

Minút fan Nyk

  • Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed:
http://www.nykdev.nl/

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)