Buro de Vries fan 18 juny 2017 11:00

    Hoe koe it 'Bouma-gebou' sa lang stean te fertutearzjen * Gast: Reinder Postma. Fan drugsferslaafde nei 'health change coach' * YM Eibert Mozes * Nijsfoarum mei Marieke Vellinga, Geart Benedictus en Karin de Mik.

    Hoe koe it Bouma-gebou sa lang stean te fertutearzjen

    • Hoe koe it Bouma-gebou sa lang stean te fertutearzjen

    It liket der op dat der lang om let in oplossing komt foar de 'rotte kies' oan de Oosterpoort-rotonde yn Snits. It saneamde 'Bouma-gebou', mei noch wat gebouwen der omhinne, stiet dêr al jierren te fertutearzjen. Boubedriuw Friso en Wijbenga Architekten ha in plan makke om der wat nijs del te setten. It giet om in gebou mei kommersjele romten ûnder en tolve apparteminten der boppe. Mar hoe kin it dat sa'n markant gebou op sa'n prominint plak, dêr sa lang fertutearzje koe?

    Gast Reinder Postma: fan drugsferslaafde nei sûnens-coach

    • Gast Reinder Postma: fan drugsferslaafde nei sûnens-coach

    Ald-Drachtster Reinder Postma wie jierrenlang ferslaafd oan weed. In pear jier lyn hat er syn libben folslein omgoaid: hy kickte ôf en folge in oplieding ta personal coach. No hat er yn Amsterdam in goedrinnende studio, dêr't minsken traine kinne en advys krije op it mêd fan sûnens en iten. Hy hat ek syn eigen metoade ûntwikkele om in sûner, fitter en lokkiger minsk te wurden: 'de routinemethode'. In petear mei Reinder Postma oer dy opmerklike feroaring, werby't er earst fertelt hoe't syn libben as ferslaafde der útseach.
    Mear ynformaasje op syn webside: http://www.deroutinemethode.nl/

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Eibert Mozes.

    Wike-oersjoch

    • Wike-oersjoch

    In oersjoch fan it nijs fan de ôfrûne wike.

    Nijsfoarum mei Marieke Vellinga, Geart Benedictus en Karin de Mik

    • Nijsfoarum mei Marieke Vellinga, Geart Benedictus en Karin de Mik

    It nijsfoarum bestiet út:
    Geart Benedictus, CDA-polikus en as ynformateur en formateur belutsen west by de formaasje fan Provinsjale Steaten en gemeentebestjoeren.
    Marieke Vellinga, fraksjelieder D66 yn Súdwest-Fryslân
    Karin de Mik, sjoernaliste foar û.o. NRC en NRC-Next
    De ûnderwerpen dy't op it aljemint komme binne:
    - de rol fan Grien Links yn de formaasje
    - hoe no fierder mei de formaasje
    - it oansjen fan it VMBO ûnderwiis en de wurdearring foar ambachtlike opliedingen en wurk
    - de biofergister yn Burgum en de doarpsmûne yn Reduzum
    - in piltsje om tsientallen jierren jonger te wurden...

    11:09 - Di-Rect & Nynke Laverman - Shoes Of Sleep
    11:44 - Corrs - Old Town
    12:11 - Kygo - Stole The Show
    12:19 - Kirsty Maccoll - In These Shoes

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)