Buro de Vries fan 18 jannewaris 2015 11:00

* Oebele Brouwer sil efter terroristen oan * Wa wie Grutte Pier * Mûzen: pleach of segen * YM Tjerk Talsma * Kollum Tjalling van der Goot * Nyk de Vries * Sjouke Lousma ûnderweis

Mûzen: in pleach of in segen

Mûzen. Boeren yn Fryslân sille sizze: "Praat my der net fan!" Natoermuseum Fryslân tinkt dêr oars oer. Sy ha op it stuit "De Piepshow", in útstalling oer mûzen en ratten.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Tjerk Talsma.

Wa wie Grutte Pier

Wa wie Grutte Pier? Werom waard hy de strider dy't hy wie?
De kommende jierren bringt de Peergroup trije foarstellings oer Grutte Pier. Wy seagen by de tariedings fan de earste foarstelling om earst ris út te finnen wa't dizze ferneamde Fries wie.
http://www.peergroup.nl/projecten/grutte-pier---de-brn-de-brand/

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

"Neffens kollega's is dit de earedivyzje"

De striid tsjin terrorisme en jihadisme; de oanpak fan motorbinden, minskehannel en drugsbaronnen, koartsein de oanpak fan de écht swiere krimininaliteit. Dat wurdt it deistige wurk fan Oebele Brouwer. We kinne Brouwer as offisier fan justysje, earst yn Ljouwert en letter yn Grins.
Syn nije funksje is resjerzje-offisier by it lânlik parket, mei as stânplak Rotterdam. Oebele Brouwer begint -sa krekt nei de oanslaggen yn Parys- op in momint fol driging.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Baby Knakker Figuerke.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)