Buro de Vries fan 18 april 2021 11:00

Yn Buro de Vries op 18 april rom omtinken foar Smokkelbern. In rige programma's fan Omrop Fryslân oer de bern dy't yn de Twadde Wrâldoarloch fan Amsterdam nei Fryslân smokkele waarden. Gerard van der Veer en Annet Huisman makken fiif ôfleveringen oer in pear fan dizze bern.
Ek in part fan in podcast oer de sokkelbern yn de útstjoering. De bernetaslaggenaffêre hat yn de tiid fan no in grutte ympakt op in grut tal minsken. We folgje ien fan de Fryske slachtoffers, Anoeska de Vries.

Slachtoffers taslagge-affêre: "It giet net allinich om dy pûde mei jild"

"Met een zak geld alleen ben je niet geholpen". Dat seit Lia Noort fan Wolvegea. Sy is ien fan de dupearren fan de saneamde 'berneopfangaffêre' dy't it lêste jier sa'n soad stof opwaaien die. Nei it ferneatigjende rapport Ongekend Onrecht is lang om let it proses fan kompinsaasje en it bieden fan nij perspektyf op gong kaam. Neffens Lia Noort is it jild fansels belangryk, mar moat der ek stipe komme sadat dupearren in nije takomst opbouwe kinne. "Wij zien daarbij een belangrijke begeleidende taak voor gemeenten, bijvoorbeeld bij het goed leren omgaan met geld en het vinden van een baan. Anders is dat geld straks op en loop je het risico dat men daarna toch weer in problemen komt.|"

Lia Noord wurket mei Anoeska de Vries fan Garyp en oare dupearren gear yn de 'Lotgenotengroep KOTA' (KinderOpvangToeslagAffaire). Dizze groep hat ûnderling in soad kontakt en se jouwe inoar ek adfys. Dit soene se no ek graach profesionaliseare wolle. "In soad gemeenten witte net goed wat se der mei oan moatte en wy biede ús graach oan om dêrby te helpen as 'ervaringsdeskundigen'. Foar in brêgefunksje tusken oerheid en dupearren soene wy prima ynhierd wurde kinne. "It is dochs wat oars at in anonime ambtner dat kontakt ûnderhâlde moat, of immen dy't it sels meimakke hat. Foar ditsoarte wurk biede har no trouwens ek grutte lânlike partijen oan, it wurdt suver wat in konkurinsjestriid", fertelt Anoeska de Vries. "Mar dêr wolle wy eins net ym mei sûge wurde..."

Foar 1 maaie moatte de dupearren de taseine 30 tûzen euro krije en it sjocht der nei út dat soks yn de measte gefallen ek slagget. Mar, sa litte Lia en Anoeska witte, "It giet net allinnich om dy pûde jild. Der binne njonken de berneopfangtaslach en in soad dupearren troch misstânnen by de hier- en soarchtaslach. It ferhaal is dus noch lang net út.

Mear ynformaasje is te finen op www.lotgenotenkota.nl

Programma presentator: 
Simone Scheffer

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(Advertinsje)