Buro de Vries fan 17 septimber 2017 11:00

    * Marinus Pool oer de weropbou fan Sint Maarten * Hans Feenstra oer de soarch yn Noard- Nederlân * Yn Memoriam: Freark Kuipers * It wykoersjoch * It nijsfoarum mei Harry van der Molen, Harry Oosterman en Irene Overduin

    Nei needhulp moat Sint Maarten op technysk flak wer opboud wurde

    Nei de earste needhelp, moat Sint Maarten wer opboud wurde. Foar de hiele ynfrastrukturele planning is Marinus Pool fan Itens frege. Pool hat in soad ûnderfining mei de weropbou fan in lân nei in grutte meteorologyske ramp. Hy hat ûnderfining yn Súd-Amearika en it Karibysk gebiet. No tongersdei giet er nei Sint Maarten ta.

    Hans Feenstra

    Hans Feenstra fan Aldehaske, bestjoersfoarsitter fan it Martini sikehûs yn Grins, is teloarsteld oer de merkwurking yn de soarch. Doe't dy sa'n 11 jier lyn ynset waard, hie de eardere direkteur fan De Friesland dêr grutte ferwachtingen fan. Benammen op it mêd fan kwaliteit, effisjinsy en kostebehearsking soe it allegear better wurde, mar dat pakte oars út. Mar wat dan? Werom nei it âlde sikefûns? Of it plan fan de SP foar in Nationaal Zorgfonds? Wy fan it Buro sochten Hans Feenstra op yn 'syn' Grinzer sikehûs foar in goed petear oer soarch, soarchfersekerders en de bedrigingen fan de top-soarch yn Noard-Nederlân.

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Freark Kuipers fan Ljouwert.

    It wykoersjoch

    In persoanlik oersjoch fan it nijs fan de ôfrûne wike

    Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Harry Oosterman en Irene Overduin

    It nijsfoarum besprekt en bediskussearret it nijs fan de ôfrûne wike. Oan bod komme
    - it tekoart oan húsdokters
    - de leechfleanrûtes fan it fleanfjild fan Lelystêd
    - de helpaksje foar Sint Maarten
    - de miljoenenota

    Lang petear mei Hans Feenstra

    Hjir kinne jo it folsleine petear fine dat Buro de Vries hie mei Hans Feenstra oer de soarch yn Noard-Nederlân.

    11:09 - Eagle Eye Cherry - Save Tonight
    11:28 - James Blunt - Stay The Night
    11:42 - Rients Gratama & Syb Van Der Ploeg - Man En Lan


    12:10 - Ariana Grande - Dangerous Woman
    12:18 - Level 42 - Lessons In Love

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)