Buro de Vries fan 17 oktober 2021 11:00

    - De Potmarge troch de eagen fan biolooch Niels Schotsman;
    - De finger oan de pols by de 'taslagge-affêre';
    - De lêste ôflevering fan de rige oer ús tún (mei in update!);
    - It oersjoch fan de wike;
    - It Nijsfoarum mei Jenny Douwes, Edou Hamstra en Aant Jelle Soepboer.

    De taslagge-affêre: it giet mar troch...

    It rint op in soad fronten mis by de ôfhanneling fan de taslagge-affêre. Dat wie it boadskip dêr't Anoeska de Vries fan Garyp ferline wike mei kaam yn ús programma. Sa't jim witte is sy sels slachtoffer en hâldt se foar It Buro de finger oan 'e pols. Dat se in punt hie, waard letter dizze wike skerp dúdlik. Under mear troch in rapport fan de Nasjonale Ombudsman.

    Yn de ôfhanneling fan dizze affêre spylje ek gemeenten in rol. En net alle gemeenten sjogge dit as prioriteit. Dat betsjut dus dat jo mooglik yn de iene gemeente better en flotter holpen wurde as yn in oare. Boppedat spilet ek noch de fraach wannear't jo no krekt as slachtoffer sjoen en erkend wurde. Want der bestiet bygelyks ek in groep dêr't de belesting wol jild fan werom foardere hat, sûnder dat dúdlik makke is oft dat wol terjochte wie. En seker as dy minsken de rekkens kreas betelje -en troch fierder hiel sunich te libjen krekt net yn de skulden komme- falle sy bûten de boat. Hjoed fertelt Marijke Krijgsman fan Hurdegaryp har ferhaal en hearre we fan wethâlder Hedwich Rinkes hoe't de gemeente Hearrenfean de help oan belutsen âlders regelet.

    De Potmarge troch de eagen fan biolooch Niels Schotsman

    Biolooch Niels Schotsman nimt Simone Scheffer mei op in biologyske strúntocht troch de Potmarge. it gebiet om it âlde rivierke hinne hat bysûndere floara en fauna dêr't de romantikus, de wittenskipper, mar ek de lânskipsleafhawwer, harren de eagen útsjen kinne.

    De Tún, (Slot + Update)

    Fan 't simmer ha we by it Buro de rige fan Annelies van der Goot en Aukje de Hoop oer ús eigen folkstún út 2008 nochris útsjoerd. Der wiene sa'n soad ôfleveringen fan, dat we no pas oan de lêste ta binne. Gasthear op De Tún wie Bert Bakker. Koartlyn hat Bakker, ûnderwilens goed yn de tachtich, sels ek ôfskied naam fan de tún. In moai momint om mei him werom te sjen op syn wurk foar en op de tún en de gearwurking mei ús beide kollega's...

    It Nijsfoarum

    It Nijsfoarum mei:

    * Jenny Douwes (ûndernimster yn in mannewrâld),

    * Edou Hamstra (PvdA-steatelid) en

    * Aant Jelle Soepboer (riedslid FNP yn Noardeast-Fryslân).

    It Wykoersjoch

    De ôfrûne wike troch de eagen fan René Koster...

    11:24 - Ali B & Diggy Dex - Ik Huil Alleen Bij Jou
    11:43 - Band Sunder Baan - Unsichtbere Fijan
    12:06 - Phil Collins - You'll Be In My Heart

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)