Buro de Vries fan 17 novimber 2019 11:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    Domela Nieuwenhuis, ús ferlosser

    17 Novimber is Domeladei. Moandei 18 novimber is it 100 jier lyn dat de sosjalistyske foarman Domela Nieuwenhuis stoar. As predikant kaam hy yn Harns. Hy ûntwikkele him nei sosjalist en foarman fan de sosjalistyske beweging. Yn Fryslân krige Nieuwenhuis in grutte oanhing ûnder de arbeiders dy't yn de drege striid wiene foar in better libben en mear rjochten. Hy waard ek wol ús ferlosser neamd. Domela Nieuwenhuis wie de earste sosjalist dy't yn de Twadde Keamer kaam. Mei troch grutte stipe út Fryslân. De polityk waard in desyllúzje foar de dûmny. Hy waard anargist. 

    Yn Buro de Vries 4 minsken oer Domela. Janny van der Molen. Se skriuwt (berne) boeken en skreau foar dit stjerjier it Deiboek. Oer Geartsje Kleefstra, oanhinger fan Domela en striidmakker fan him. Roel Sluiter, boargemaster fan Harns en as jonge bewûnderer fan Domela. Johan Frieswijk is ien fan de grutte kenners fan de sosjalistysk foarman en de striid yn Fryslân mar ek oer de striid tusken Domela en Piter Jelles Troelstra, de oare sosjalistyske foarman ein 1800.

    En Meindert Talma. Hy makke in muzikaal libbensferhaal oer Domela Nieuwenhuis. 

    Mei alle fjouwer prate we oer ús ferlosser, syn betsjutting en de fassinaasje foar dizze man.

    Yn Memoriam

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Anne van der Leij.

    It wike oersjoch

    Alle wiken op eigenwize wize de wike troch yn Buro de Vries

    11:09 - Feeling - Never Be Lonely
    11:44 - Bricquebec - Koart Foar De Kop
    12:08 - Monie Love - It's A Shame
    12:17 - Snelle Marco Borsato & John Ewbank - Lippenstift

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)