Buro de Vries fan 17 maart 2019 11:00

    De wetterskipsferkiezings! Op 20 maart meie wy nei de stimbus foar de provinsjale steateferkiezingen én de wetterskipsferkiezingen. 

    No is dat wat in tizeboel. Hoe sit dat wetterskip krekt yn elkoar? Wat docht it wetterskip? Wer kies ik no eins foar? Wat is de ferhâlding tusken de provinsjale polityk en it wetterskip? Wa bepaalt wat?

    De listlûkers fan 8 partijen komme yn lytse debatsjes oan it wurd. En alle partijen meitsje harren stânpunten yn in soarte fan speeddate fan 30 sekonden dúdlik. Fierder binne dykgraaf Paul van Erkelens en jeugddykgraaf Melissa Brandsma te gast. 

    Speeddates: yn 30 sekonden dúdlik meitsje wer't de partij foar stiet

    Alle partijen krije 30 sekonden de tiid om dúdlik te meitsjen wat harren stânpunten binne en wêr't harren partij foar stiet.

    Dykgraaf Paul van Erkelens

    Dykgraaf Paul van Erkelens is al sûnt 2004 dykgraaf fan it wetterskip Fryslân. Hy fertelt oer de funksje fan dykgraaf en oer de taken fan it wetterskip.It giet benammen oer de trije kearntaken fan it wetterskip: Soargje dat we hjir feilich wenje kinne, soargje foar skjin wetter en soargje foar foldwaande wetter.

    Stelling 1: Elkenien moat meibetelje oan de maatregels dy’t nommen wurde moatte om ús te beskermjen tsjin de gefolgen fan klimaatferoaring.

    Sjerp de Jong (Lagere Lasten Burger) en Tieneke Clevering (Water Natuurlijk Fryslân) debattearje oer de stelling: Elkenien moat meibetelje oan de maatregels dy't nommen wurde moatte om ús te beskermjen tsjin de gefolgen fan klimaatferoaring.

    Ek oare partijen krije de kâns om op de stelling te reagearjen.

    Stelling 2: By drûchte moat der earst wetter nei de lânbougebieten

    Gerda Bos (VVD) en Bram Bonnema (FNP) debattearje oer de stelling By drûchte moat der earst wetter nei de lânbougebieten. Ek guon oare partijen reagearje.

    Stelling 3: It wetterskip moat it sâlter wurden fan grûn tsjingean

    Henni van Asten (PvdA) en Jan Dogterom (50-plus) debattearje oer de stelling: It wetterskip moat it sâlter wurden fan grûn tsjingean. Ek guon oare partijen reagearje.

    Stelling 4: Biologysk buorkjende boeren moatte minder wetterskipsbelesting betelje

    Suzanne van Wylick (Partij voor de Dieren) en Bé de Winter diskusearje oer de stelling Biologysk buorkjende boeren moatte minder wetterskipsbelesting betelje. Ek guon oare partijen reagearje.

    Jeugddykgraaf Melissa Brandsma

    Melissa Brandsma fan Folsgeare is jeugddykgraaf. Se is 19 jier en ynteressearret har bot foar it wetterskip en de taken fan it wetterskip. Op dit stuit docht se folop mei yn de kampanje.

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)