Buro de Vries fan 17 maaie 2020 11:00

    * de Toer de Hoop yn Aldeboarn * 100-jierrich Pleatselik Belang fan Bûtenpost * de berchrede fan Fryslân: Ineke van Gent en Oeds Westerhof * Yn Memoriam: Holkje Rinkema-de Jong * it wikeoersjoch * it nijsfoarum mei Irene Overduin, Martin Cnossen en Anne-Goaitske Breteler

    De Berchrede fan it flakke lân: Oeds Westerhof en Ineke van Gent

    Hoe soe de wrâld der nei de coronakrisis hinne lizze? Mar foaral.... hoe wólle wy dat dy der aansten útsjocht? Wat moat oars, en better? Dy fragen hawwe kollega-programmamakkers fan Fryslân DOK steld oan minsken dy't dêroer neitinke, en dêroer skreaun hawwe. Harren essays binne in bydrage oan de Omrop-searje: 'De berchrede fan it flakke lân' - publisearre as telefyzjeprogramma's én as podcast. Yn dizze earste ôflevering fan 'de Berchrede' it wurd oan Oeds Westerhof en Ineke van Gent. Sy is boargemaster fan Skiermûntseach... dat eilân dat ferline jier al sa kwetsber bliek troch de ramp mei it kontenerskip MSC Zoë. En dat no troch de coronakrisis wér sa hurd troffen wurdt.

    De petearen mei Oeds Westerhof en Ineke van Gent binne as podcast publisearre troch Fryslân DOK. Ek de folgjende bydragen oan de Berchrede fan it flakke lân wurde as podcast útbrocht. Se binne werom te finen by Spotify en alle oare podcast-platfoarms, ek op de webside fan Omrop Fryslân.

    De teksten fan de essays stean op de webside fan tydskrift De Moanne. En 'de berchrede fan it Flakke Lân' is dit wykein en takom wykein op NPO2 en Omrop Fryslân te sjen as FryslânDok.

    De toer de Hoop yn Aldeboarn

    Yn Aldeboarn is hjoed de Tour de Hoop, in inisjatyf fan de pleatslike tsjerke om de doarpsgenoaten in hert ûnder de riem te stekken. Buro-ferslachjouwer René Koster wie der fannemoarn om 10 oere by doe't dy Toer de Hoop fan start gie.

    In frisse noas yn Bûtenpost

    René Koster hellet alle dagen in frisse noas. Sa kaam er yn Bûtenpost, dêr't er prate mei pleatslik belang. Dat bestiet dit jier 100 jier en dat soe grut fierd wurde, mar ja..... gelokkich is der noch al in jubileumboek útkommen. 

    Yn Memoriam: Holkje Rinkema-de Jong

    Alle wiken betinkt Cor Waringa in Fries of Friezinne dy't ferstoarn is. Yn dizze ôflevering it libbensferhaal fan Holkje Rinkema - de Jong

    It wikeoersjoch

    De ôfrûne wike, sjoen troch de eagen fan Geartsje de Vries

    It nijsfoarum mei Irene Overduin, Anne-Goaitske Breteler en Martin Cnossen

    Sjoernalist Irene Overduin fan de Ljouwerter krante, publisist en antropolooch Anne-Goaitske Breteler en Merk Fryslân direkteur Martin Cnossen beprate it nijs fan de ôfrûne wike. Fansels giet it oer hoe't ús maatskippij der no útsjocht mei de coronaregels. Mar ek oer Cambuur en de grutte kontenerskippen dy't noch altyd faak net feilich binne.

    11:08 - Mathilde Santing - In The Meantime
    11:23 - Nash Crosby, Stills & Young - Marrakesh Express
    11:38 - Jaap Louwes - It Alderbeste
    12:07 - Freak Power - Turn On Tune In Cop Out

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)