Buro de Vries fan 17 maaie 2015 11:00

Harry Kooyenga oer syn breuk mei broer Romke * Ekologyske mienskip De Imme * YM Wabe Hoekstra * Skipstimmerwerf De Hoop, de âldste fan it lân * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Gerrit Breeuwsma * Eelke Lok oer Omropskiednis *

De dream fan Irma Abelskamp

In ekologysk doarp, dêr't mienskip it kearnbegryp is. Dat stribjen hat stifting 'De Imme'. Op dit stuit wurdt der by Goutum op it terrein fan proeftún "de Oerfloed" in model-ekologysk hûs boud fan strie, liem en klaai. De stifting hie it plan om sa'n doarp te bouwen by Grou, mar dat liket net te slagjen. Der wurdt noch socht nei in oare lokaasje.
In petear mei de inisjatyfnimster, Irma Abelskamp.
www.deimme.com

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Wabe Hoekstra.

'It hat in museale funskje, mar der moat ek jild fertsjinne wurde'

Musea wolle leafst safolle mooglik publyk, mar yn Warkum wie der betiden te folle flecht op'e koai. De timmerlju, fan Scheepstimmerwerf de Hoop, waarden wolris te folle fan't wurk holden. Der komt no in permaninte eksposysje-romte dêr't it publyk, takom freed 22 maaie wurdt dizze iepene. It Buro wie benijd nei de âldste skipsheling fan Nederlân. Op it stuit wurdt der drok wurke oan in botter en de Wieringer Aak 'Marieke'.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Yn dizze ôflevering treft Sjouke yn St. Jabik in âlde motermûs dy't in pear fingers mist.

De kollum fan Gerrit Breeuwsma

De kollum komt dizze snein fan Gerrit Breeuwsma, psycholooch yn Grins. http://gerritbreeuwsma.nl/

"Romke en ik ferskille toch wol in protte"

De bruorren Harry en Romke Kooyenga bouden tegearre de súksesfolle Kooyengagroep op. Jierren wurken se tegearre. Fan 't winter bruts Harry mei syn broer en yntusken is er dwaande mei in eigen bedriuw. Hy hat in hektyske perioade efter de rêch: njonken de breuk mei syn âldere broer, wie er ek slim siik. It Buro yn petear mei de nije Harry Kooyenga: Harry Kooyenga, twa punt nul. http://www.hkdetachering.nl/

It wie...

Eelke Lok is in bekende namme by Omrop Fryslân. Hy wurket hjir al hast syn hiele libben en ynkoarten giet er mei pensjoen. Eelke hat in soad meimakke. Genôch om de kommende wiken werom te sjen op syn omrop ferline.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)