Buro de Vries fan 17 juny 2018 11:00

* Catrinus van der Veen goaide it roer folslein om * Ek in plakje foar bern fan Talant yn '8ste dei'* YM Rintsje Altena * Wat wolle we mei it Frysk? In diskusje mei Rimmer Mulder, Onno Falkena, Klaas Sietse Spoelstra en Jelle Bangma.

Presintaasje: Simone Scheffer.

In skeakel yn de kettingreaksje '8ste dag'

  • Ek bern Talant skeakel yn '8ste dag'

Op 8 july stiet de Ljouwerter binnenstêd yn it teken fan de '8ste dag'. Troch de stêd sil dy dei in enoarme kettingreaksje plakfine. In kettingreaksjes fan 48 skeakels foarme troch minsken, masines, bouwurken en optredens. Ien fan dy skeakels is yn it provinsjehûs. Hjir is in bernefestival organisearre foar bern mei in ferstanlike en mearfâldige beheining. In groep dy't net faak yn dit soarte grutte eveneminten meinommen wurdt. It tal oanmeldingen rint noch net stoarm. Baukje Ritsma fan Talant frege har ôf hoe't dat kin. We seagen mei har op it simmerfeest fan bernedeisintrum Us Greide op It Hearrenfean om dat út te finen.

Opjaan kin noch oant 21 juny op KH2018@talant.nl. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de 8ste dag

8ste dag: live by Omrop Fryslân

'8ste dag' is ûnderdiel fan it haadprogramma fan LF2018, in fergees evenemint en tige geskikt foar bern. In projekt fan keunstner Marten Winters. Omrop Fryslân stjoert op 8 july dizze kettingreaksje fan fiif oeren troch de Ljouwerter binnenstêd, streekrjocht út.

It roer om: "Ik bin no ergens by betrokken"

  • Catrinus van der Veen tusken de minsken fan DEI yn Alde Leie

Catrinus van der Veen fan Hjerbeam smyt it roer om. De fotograaf dy't priiswinnende foto's makke, is no meiwurker by DEI. Dat is in dei opfang foar minsken mei in ferstanlike beheining of in psychiatryske oandwaning. In grutte stap, mar foar Catrinus in hiel logyske. Al moast hy der wol oer neitinke. Fuort út it hektyske bestean fan nijsferhaal nei nijsferhaal nei alle dagen op itselde plak yn relative rêst mei minsken wurkje. Altyd stie hy oan 'e sydline en registrearre wat der barde. It is fijn om no echt ergens by te hearren.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM Rintsje Altena

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Rintsje Altena fan Nijlân. 

Wat wolle we mei it Frysk

In diskusje mei Rimmer Mulder, Onno Falkena, Klaas Sietse Spoelstra en Jelle Bangma.

11:10 - Meghan Trainor - All About That Bass
11:31 - Zayn - Let Me
11:41 - Cigalou Ft. Ernst Langhout - Myn Wreed Fertriet (Koart)
11:52 - Dua Lipa Ft. Chris Martin - Homesick
12:08 - Rients Gratama - Boeter, Bree En Griene Sies/Wolvega

Programma presentator: 
Simone Scheffer

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)