Buro de Vries fan 17 juny 2012

Dizze snein ha we it oer it kweken en intsjen fan nutebeammen op it Bildt.
Oer de bysûndere bân tusken byldhouwer Pier Pander en de skriuwer Louis Couperus
we hearre Sjouke Lousma ûnderweis yn Frjentsjer oan it bôlebakken.
en in yn memoriam makke troch Cor Waringa, hjoed it libbensferhaal fan Ruerd Seinen út Snits, dy't altyd wurke hat by Lankhorst.

Hast alle dagen is der wol in opfallend mar lyts berjocht yn it nijs, dat éven in hite hei is, mar wêr'st dan noait mear wat fan hearst! Wy sykje dy berjochten út it ferline op, en freegje ús ôf hoe't it no is mei dy minsken. Of mei dy hûn. Want 'Hoe is it no mei' giet hjoed oer it hûntsje Layla, dat út in ridende auto foel.

Bert Looper fersoarget hjoed de kollum
en we stjoere in moaie dokumintêre út oer de fleanpionier Van Maasdijk. Yn 1910 fleach hy mei syn twa-dekker boppe it Hearrenfean en dêr stiene tûzenen minsken nei te sjen.

Underweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed Jacob Vellinga, PvdA man.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)