Buro de Vries fan 17 desimber 2017 11:00

* #metoo Maaike Schuurmans: leararen moatte fan learlingen ôfbliuwe * 75 jier FeRstival * YM Engeltsje vd Hoek - Haarsma * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Rendert Algra, Anne Jochum de Vries en Fenna Feenstra.
Presintaasje: René Koster

#metoo Maaike Schuurmans: Leararen moatte fan learlingen ôfbliuwe

  • Maaike Schuurmans

Aktrise en sjongeres Maaike Schuurmans waard in pear wike lyn neamd yn in #metoo-diskusje. Yn in útstjoering fan Pauw oer beskuldigingen fan seksueel grinskrusend gedrach fan Ruut Weissman, earder dosint en direkteur fan de Kleinkunstacademie yn Amsterdam, fertelde Karin Bloemen dat Maaike ien fan de studintes wie dêr't Weissman in relaasje mei hân hat. Dat har namme yn dizze neamd wurde mocht wie in bewuste kar fan Maaike. 

75 jier FeRstival: pubers drage Fryske poëzij foar

  • 75 jier FeRstival
  • In bydrage fan Aukje de Hoop oer 75 jier FeRstival

Juster waard yn it Posthuis Teater op It Hearrenfean foar de 75ste kear FeRstival hâlden, in foardrachtswedstriid foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis. It doel is yn al dy jierren nea feroare: de belangstelling foar poezij befoarderje en learlingen poadiumûnderfining jaan. 75 jier in foardrachtswedstriid mei Fryske poëzij. Unyk. We wienen der justermiddei by en troffen dêr fansels Mister FeRstival, Jelle Bangma.   

www.ferstival.frl

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM Ingeltsje Haarsma

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Engeltje van der Hoek - Haarsma.

Oersjoch fan de wike

  • Wykoersjoch 17 desimber 2017

Makke troch René Koster.

Nijsfoarum mei Rendert Algra, Fenna Feenstra en Anne Jochum de Vries.

  • Nijsfoarum mei Rendert Algra, Fenna Feenstra en Anne Jochum de Vries

11:10 - Amy Macdonald - This Is The Life
11:24 - Bastille - World Gone Mad
11:43 - Blind Melon - No Rain
12:08 - Kate Bush - Running Up That Hill
12:16 - Paul De Munnik - Beter Dan Mijn Best

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)