Buro de Vries fan 16 septimber 2018 11:00

    * Direkteur Jan Hendrik Jansen fan Doarpswurk oer de besunigingen op syn organisaasje * Douwe Kootstra oer Jurjen van der Kooij * YM Namle Otter * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Trienke Elshof, Anton de Haan en Harry Oosterman * Presintaasje: Gearstje de Vries.

    Doarpswurk ûnder druk

    Doarpswurk is in organisaasje dy't inisjativen stipet en stimulearret om de leefberens op it Fryske plattelân te fergrutsjen. Se begeliede frijwilligers yn hûnderten Fryske doarpen. De provinsje is fan doel de subsydzjekraan ticht te draaien. Direkteur Jan Hendik Jansen is it net iens mei de beliedsnotysje Leefberens dêr't Provinsjale Steaten op 26 septimber oer beslute sil.

    Folksferhaledeskundige Jurjen van der Kooij

    Op 4 septimber ferstoar folksferhaledeskundige Jurjen van der Kooi fan Bûtenpost. Van der Kooi is 74 jier wurden. Hy wie oant syn pensjoen haaddosint en associate professor ferbûn oan de universiteit fan Grins. Hy hat ynternasjonale prizen wûn foar syn wittenskiplik wurk, sa krige hy yn 1997 de Europeeske Mearkespriis. 
    Douwe Kootstra fan Feanwâlden is folksferhaleferteller en neamt Van der Kooi syn "wittenskiplik gewisse". 

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Namle Otter fan Haulerwyk. 

    it wikeoersjoch

    In seleksje út it nijs fan de ôfrûne wike

    Nijsfoarum mei Trienke Elshof, Anton de Haan en Harry Oosterman

    Diskusje oer it nijs fan de ôfrûne wike. Hjoed mei Trienke Elshof fan LTO Noord, advokaat Anton de Haan en boargemaster fan Eaststellingwerf Harry Oosterman. 

    11:10 - Nik Kershaw - I Won't Let The Sun Go Down On Me
    11:29 - Die Twa - Ik Bestean
    11:45 - Mavericks - Someone Should Tell Her
    11:56 - Nat 'king' Cole & Natalie Cole - Unforgettable
    12:08 - Fairground Attraction - Perfect
    12:15 - Eddy Dykstra - Leafdesliet

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)