Buro de Vries fan 16 novimber 2014 11:00

* Stikelbarchjes ferhúzje * Charlotte Bax komponeart foar Frysk Symphonie Orkest * De hieljende krêft fan de piramide * Kollum Anje Wester * Sjouke Lousma ûnderweis * YM troch Cor Waringa * Minút fan Nyk

Stikelbarchjes ferhúzje

It wie in moai gesicht tiisdeitemiddei yn de steechjes achter de Swarzenberghstrjitte yn Snits: manlju en froulju dy't mei grutte stokken yn strúkjes en strewelleguod ompjulken.
Op syk nei stikelbarchjes. Sa'n 60 huzen yn de wyk wurde ynkoarten sloopt. Mar yn de tunen húsmanje in soad stikelbarchjes dy't no krekt de wintersliep yngean.
Ien fan de bewenners - Petra Heynis - naam it inisjatyf om de stikelbarchjes te rêden.
Ype van der Werf fan de Fûgelwacht en Jelly Kootje fan de dierenambulânse holpen ek mei.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Hessel Smit.

Charlotte Bax komponeart foar Frysk Symphonie Orkest

Op je 24e in komposysje skriuwe dat útfierd wurdt troch it Fries Symfonie Orkest. Bysûnder, en wurklikheid foar Charlotte Bax fan Drachten. We sochten de jonge komponiste op. Charlotte fertelt hoe't se ta dizze komposysje kaam en hoe bysûnder is it dat in renomearre orkest it útfierd.
De komposysje ''Vikingen, een reis door Asgard" is sneon 22 novimber te hearren by it hjerstkonsert fan it Fries Symfonie Orkest. It konsert wurdt holden yn de Rinkelbom op It Hearrenfean en begjint om 20.15 jûns.
http://www.friessymfonieorkest.nl/
http://www.charlottebax.nl/

Sjouke Lousma ûnderweis (1710)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De hieljende krêft fan de piramide

It sil sa'n oardel, twa jier lyn west ha dat der yn HEA in reportaazje útstjoerd is oer Siemen Banga en syn piramides. It makke nijsgjirrich, we woenen der mear oer witte. Hoe sit dat mei de hieljende wurking fan piramides. We seagen op ien fan syn iepen dagen. Piramide-erfaringsdagen sa't hy sels seit. Siemen Banga hat dan piramides útstald fan lyts, in sintimeter as 15, oant eksimplaren dêr'st yn sitte kinst.

Snein 30 novimber is der wer in piramide-erfaringsdei by Siemen Banga yn Aldemardum. Sjoch foar mear ynformaasje op www.siemenbanga.nl.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Boubedriuw Koster.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)