Buro de Vries fan 16 juny 2019 11:00

    Yn Buro de Vries op 16 juny in ôfskiedsynterview mei boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Hayo Bootsma en Geartsje de Vries prate mei de boargemaster oer syn 12 jier yn Ljouwert. Wat wiene de hichte- en djiptepunten? Wat hat yndruk op him makke? Wêrom wie er sa fûl op drugspannen, de slutingstiden fan kafees en kafees dêr't alkohol skonken waard oan minderjierrigen? Hoe soe er himsels typearje wolle? It binne allegear fragen dy't op it aljemint komme.
    Cor Waringa eidet yn "Yn Memoriam" it libben oer fan Bote Galema.
    Yn it nijsfoarum nimme Trienke Elshof (LTO), Aant-Jelle Soepboer (FNP) en

    Ofskiedsynterview mei boargemaster Crone

    Hayo Bootsma en Geartsje de Vries prate mei Ferd Crone, de boargemaster dy't nei 12 jier ôfskied nimt fan Ljouwert.

    Yn Memoriam: Bote Galema

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Bote Galema.

    It wikeoersjoch

    it nijsfoarum mei Trienke Elshof (LTO), Aant-Jelle Soepboer (FNP) en Hans van der Werf (Fryske miljeuried)

    It nijsfoarum bepraat it nijs fan de ôfrûne wike. It bestiet dizze wike út Trienke Elshof fan de LTO, Aant-Jelle Soepboer fan de FNP en Hans van der Werf fan de Fryske miljeuried.
    De ûnderwerpen dy't oan 'e oarder komme binne:
    Pensjoenakkoard. It referendum fan de FNV: leden ha 'ja' sein
    Neffens ûndersyk binne Friezen it gelokkigst, wylst se hast it minst fertsjinje. Hoe komt dat?
    Plaknammebuorden yn gemeente de Waadhoeke: Allegear op deselde wize (Frysk/streektaal boppeoan, Hollânsk ûnderoan) of kin it bliuwe sa' t it no is?
    it PAS (Programma Aanpak Stikstof) is net aksepteard troch de heegste rjochter. Wat binne de gefolgen foar begelyks de boeren?
    it WK froulju en de presetaasjes fan de oranjeleeuwinnen

    11:09 - Rollo & King - Never Ever Let You Go
    11:48 - Young Rascals - Groovin'
    12:08 - Jennifer Brown - Tuesday Afternoon
    12:17 - Jan Nota - Numer 1

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)