Buro de Vries fan 16 july 2017 11:00

    11:00-12:00 oere: peareltsjes út it argyf, mei dizze kear: Aksjefierders waarden Freonen, in foarstelling oer it ferlies fan in bern en Simone krijt sjongles.
    12:00-13:00 oere: "Ferhalen fan it Waad", Geartsje waadrinnend nei It Amelân.
    De folsleine útstjoering wurdt sneintejûns werhelle tusken 21:00 en 23:00 oere. De "Ferhalen fan it Waad' binne ek as podcast werom te finen op dizze side. Sjoch ûnder it kopke RADIO.

    Ferhalen fan it Waad - waadrinne

    • Ferhalen fan it Waad - waadrinne

    "Der is net in kear itselde, it Waad is alle dagen oars".
    Luppo Deuntje út Drachten is al 21 jier waadringids en hat al mear as 800 kear it Waad oerstutsen. Hy sit dan ek fol ferhalen: oer dy kear dat er mei in skoalklasse op 'en paad wie en der tongerwolken oan 'e loft ferskynden. Doe't er belle mei it kantoar fan de waadrinferiening waard him ferteld dat er gewoan trochrinne koe want op de radar wie neat te sjen. Luppo fertroude it net en besleat dochs werom te gean. Sa hurd mooglik sochten se de fêste wâl op. Krekt op 'e tiid koene se in boereskuorre berikke. It needwaar wie sa hurd opkommen dat it op de radar noch net te sjen wie.
    Of it ferhaal fan de geheime waadrintocht in jier as acht lyn. Hy mocht tsjin net ien sizze dat er in tocht meitsje soe nei de Ingelsmanplaat omdat it selskip bestie út de keninklike famylje. "Alex pakte myn stôk en batste sa troch de geulen, it makke him neat út."
    Geartsje de Vries tekene syn ferhalen op doe't se yn in lyts groepke fan Holwert nei It Amelân rûn en ek mei minsken út de groep hie se hiele petearen.
    In ferslach fan de sa no en dan behoarlik pittige tocht dy't Geartsje makke.

    Meiïnoar sjonge bringt harmony en dat kinne we wol brûke yn dizze tiid

    • Meiïnoar sjonge bringt harmony en dat kinne we wol brûke yn dizze tiid

    Begjin dit jier makken we in reportaazje mei Jan Ate Stobbe, klassyk sjonger en sjongpedagooch yn Ljouwert. Hy pleitet foar mear sjongen en ek mear sjongles. Want sjonge is sûn, sawol foar it liif as de geast, en noch moaier, it soarget foar harmony. Dat kinne we yn dizze tiden wol brûke
    Simone Scheffer naam in les. Se kaam der in stik fleuriger wei as dat se der hinne gie.

    Foar dy, nei dy

    • Foar dy, nei dy

    De foarstelling "Foar dy, nei my" wie ôfrûne neijier in grut sukses. Alle jûnen wie de seal yn De Rottefalle folsein útferkocht. 'Foar dy, nei dy' gie oer it ferlies fan in bern en waard spile troch twa minsken dy't witte wêr't se it oer hawwe: Popke van der Zee en Froukje Reitsema hawwe beide sels in bern ferlern en spylje yn dit stik harsels. Wêrom sprekt dit téma safolle minsken oan? Wy sochten in plakje yn it publyk om dat út te finen.

    Aksjefierders waarden Freonen

    • Aksjefierders waarden Freonen

    6 novimber ferline jier fierden de Freonen fan Omrop Fryslân harren 35-jierrich jubileum. De feriening wie doetiids ûntstien út in aksjegroep. In aksjegroep dy't yn 1979 hantekeningen sammele om Den Haach der fan te oertsjûgen dat Radio Fryslân mear stjoertiid ha moast. De hantekeningen waarden oanbean oan Til Gardeniers, doe de minister foar Kultuur, Rekreaasje en Maatskiplik wurk. We sochten de twa inisjators fan de aksjegroep op, Clara de Boer en Bearn Bilker.

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)