Buro de Vries fan 16 febrewaris 2020 11:00

    De oarlochsdeiboeken fan dûmny Felix van der Wissel
    Skrikkelje troch de tiid mei Hans Molema
    Yn Memoriam Durkje Weima
    It Nijsfoarum mei Raquel Garcia Hermida- van der Walle, Evert Stellingwerf en Jenny Douwes.

    Oarlochsdeiboeken fûn fan predikant Felix van der Wissel

    Der binne deiboeken út de oarloch foar it ljocht kaam fan de doopsgesinde predikant Felix van der Wissel út Ljouwert. Hy preke tsjin geweld en hy brocht yn it geheim Joadske bern ûnder by Fryske pleechgesinnen. Yn ien fan syn deiboeken is sels in anonime brief fûn fan in tsjerkegonger, dy't lid wie fan de NSB, dy't fûn dat Van der Wissel ophâlde moast mei de oarloch te neamen yn syn preken, oars, sa drige de brieveskriuwer: soe hy him arrestearje litte. 

    De rol fan dûmny Van der Wissel yn de oarloch kaam foar syn famylje as in ferrassing. Doe't pakesizzer Baukje van der Wissel it hearde, hat se tegearre mei har broer de deiboeken opsocht om se te lêzen. It Buro prate mei Baukje yn har wenplak Bussum.

    Skrikkelje troch de tiid..

    Meikoarten stiet 29 febrewaris wer op 'e kalinder. Dus duorret 2020 in dei langer as gebrûklik en ha we it oer in 'skrikkeljier'. De tiid, dei & nacht, de klok en de kalinder: se ha allegear te krijen mei de stjerrekunde. Hans Molema fan Burgum is te gast by Buro de Vries om te fertellen hoe't it krekt sit mei de tiidrekkening en wêrom't we sa no en dan sels in skrikkelsekonde nedich ha om by de tiid te bliuwen. 

    It ferhaal fan Molema yn Buro de Vries is in foarpriuwke fan wat hy sneintemiddei 16 febrewaris om 14 oere fertelt yn it Observeum (Museum en Stjerrewacht) yn Burgum.

    Foto: Pieter Dijkstra.

    It oersjoch fan de wike

    It oersjoch fan de ôfrûne wike troch de eagen fan René Koster...

    Nijsfoarum

    It Nijsfoarum bestiet ditkear út de folgjende opiny-makkers:

    Raquel Garcia Hermida- van der Walle, foarsitter D66-Fryslân;

    Evert Stellingwerf, fraksjefoarsitter PAL-GrienLinks Ljouwert;

    Jenny Douwes, ûndernimster yn in mannewrâld.

    Yn Memoriam Durkje Weima

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Durkje Weima..

    11:09 - Sting - If I Ever Lose My Faith In You
    11:29 - Mariusz & De Muzikanten - Blaas Der Op
    11:46 - Vaughn Brothers - Tick Tock
    12:10 - Den Tex Prins & De Munnik - Stormvogels (Live Yn Noardewyn 26/01/07)

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)