Buro de Vries fan 16 febrewaris 2014, 11:00

We hearre graach wat jo fan ús prgramma's fine. Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

'Guozzen binne hiel sosjaal'

Op ynternet kamen we ferline wike in artikel tsjin oer in goes dy't op twa swanepiken paste. It trio soe yn 'e greide by Ljussens sitte. Dat woenen wy wolris sjen. Cornelis Cuperus fan fûgelopfang de Fûgelpits gie mei ús op syk.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed betinkt hy Douwe Kieviet.

Johan Kiewiet fan It Amelân: hannelsreizger yn duorsumheid

Lokale enerzjy-koöperaasjes, oerol yn de provinsje sjitte se as poddestuollen út de grûn. Gjin wûnder ek, want is konsept is hast te moai om wier te wêzen. Doarpsbewenners krije in legere enerzjy-rekken, it giet om ècht griene enerzjy, der wurdt goed jild mei ferstjinne, en dat giet ek nochris nei de eigen mienskip! Johan Kiewiet wie jierren lyn al belutsen by ien fan earste Fryske inisjativen op It Amelân. No is hy, as in soarte fan hannelsreizger, hast alle wiken yn in Frysk doarp om minsken entûsjast te krijen. Fan 'e wike wie hy yn Blauhús op inisjatyf fan in groepke dat dêr plannen foar sa'n koöperaasje hat.
www.uskooperaasje.nl

Sjouke lousma ûnderweis (1692)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Underweis 1692 is makke yn Boksum dêr't in hobbyboer de hiele tún folboud hat mei hokken foar de skiep en hynders.

De miening fan ...Carolien Roodvoets

Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed jout relaasjeterapeute Carolien Roodvoets har miening oer frjemd gean en de site 'second love'.

Te gast: Jesper Hospes

Snein is reedrider Jesper Hospes fan It Hearrenfean nei tolven live te gast by it Buro. Hospes is in echte sprintspesjalist dy't rydt foar it team Beslist.nl. Hy hie stomme graach yn Sotsji starte wollen, mar op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai foel er krekt bûten de boat. Mei de trije medaljes winners Michel en Ronald Mulder en Jan Smeekens foar je, is dat bepaald gjin skande, mar spitich is it wol.

Oer de Spelen en de teloarstelling, mar ek oer it sprinten, it materiaal, de trainers en de ambysjes komt Jesper Hospes snein op 'e tekst. En oer fuotbal, want fan healwei ienen ôf bin der ek noch wedstrydflitsen fan SC Cambuur-PEC Zwolle.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Nije Fytsen.
http://www.nykdev.nl/
Nyk de Vries is mei syn ultrakoarte ferhaaltsjes nominearre foar in NL-Award.
www.nl-award.nl

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)