Buro de Vries fan 16 desimber 2018 11:00

    *"Wâldman" tentoanstelling oer de swarte kant fan de Wâlden * diskusje oer de oare kant fan de mienskip mei Jannewietske de Vries, Willem de Vries, Douwe Kootstra en keunstner Tjibbe Hooghiemstra * Yn Memoriam: Bauke Schilstra (Bauke "Post") fan Warns * it wikeoersjoch * it nijsfoarum mei Aukje de Vries, Marijke Roskam en Tjibbe Brinkman * 

    Tentoanstelling "Wâldman" yn Belvedère

    Yn museum Belvedère is op dit stuit de eksposyje Wâldman te sjen. In tentoanstelling dêr't wat beklemmends fan út giet. It lit de oare kant fan de Wâlden sjen en dêrmei ek de oare kant fan de mienskip.

    It Buro gie mei keunstner Tjibbe Hooghiemstra nei museum Belvedère om dy tentoanstelling te sjen..

    Diskusje oer de swarte kant fan de Wâlden / de Mienskip

    Tjibbe Hooghiemstra leit in kant fan de mienskip bleat, dy't net aardich is, mar wol beneamd wurde moat. In diskusje oer de skaadkanten fan de mienskip mei de keunstner sels: Tjibbe Hooghiemstra, de frou dy't it wurd 'mienskip' yntrodusearre by LF18 Jannewietske de Vries, skriuwer en ferhaleferteller Douwe Kootstra fan Feanwâlden en Willem (Wâldpyk) de Vries, programmamakker by Omrop Fryslân.

    Harekiten oer de mienskip yn de Wâlden

    Hoe tinke de wâldpiken sels oer harren mienskip? It buro gie yn de Harkema de strjitte op en frege foarbygongers wat no krekt it spesjale en aparte fan de Wâlden is.

    Yn Memoriam: Bauke Schilstra (Post)

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Bauke Schilstra, better bekend as Bauke Post, fan Warns.

    it wikeoersjoch

    In persoanlike blik op it nijs fan de ôfrûne wike.

    it nijsfoarum mei Aukje de Vries, Marijke Roskam en Tjibbe Brinkman

    It foarum bestiet út Aukje de Vries, VVD 2e keamerlid, Marijke Roskam oankokmmend politika foar de PvdA en Tjibbe Brinkman, fraksjefoarsitter fan de FNP yn Achtkarspelen.

    Se diskusearje oer: 

    ôffaloven de REC yn Harns. Fannewike wie der wer in steuring, protesten wurde hieltyd lûder en fûler. Wat moatte 'we' mei de ôffaloven??
    Achtkarspelen ferbiedt it ballonnen oplitten net. Is dat in goed beslút? Is foarljochting genoch?
    De kommisje Remkes hat nei 2 jier ûndersyk it rapport oer ús demokrasy klear. Konklúzje: de minsken dy't wat leger oplaad binne, herkenne har net mear yn de polityk.
    16% fan de famkes kin opstreame yn it fuortset ûnderwiis en binne dus earst op in te leech nivo begûn. Wurde famkes te leech ynskatten? Of ûntwikkelje famkes har oars?

    11:11 - Tet Rozendal - Bern Fan 'e Walden
    12:13 - Nils Lofgren - Shine Silently
    12:23 - De Kast - Ik Ha Dy Leaf

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)