Buro de Vries fan 16 april 2017 11:00

    * Underdûke yn Fryslân: "Ik ha in geweldich plak hân, mar de oarloch fiel ik noch alle dagen" * Wat moat we mei de binnestêd fan Frjenstjer * YM Jan Hindrik de With * Nijsfoarum mei Immie Jonkman, Age Hartsuiker en Willem Bosma.
    Presintaasje: Geartsje de Vries.

    "Ik ha in geweldich plak hân, mar de oarloch fiel ik noch alle dagen"

    • "Ik ha in geweldich plak hân, mar de oarloch fiel ik noch alle dagen"

    Dizze moanne ha wy omtinken foar "Underdûkt yn Fryslân", in projekt fan Tresoar, produsint Wij fan PS en Omrop Fryslân. Mei radio en TV programma's, lêzingen en it digitaliesearjen fan de Fryske ûnderdûkregistraasjes, wurdt de ûnderdûkskiednis út de Twadde Wrâldoarloch tagonklik makke. Yn Buro de Vries hjoed in petaer mei Foke Kranendonk Waterman fan Noardwâlde. Sy trof in geweldich ûnderdûkadres, mar de oarloch leit noch altyd in skaad oer har libben.
    Mear ynformaasje oer dit projekt op https://ondergedokeninfryslan.nl/

    De peallen spjalte Frjentsjer

    • De peallen spjalte Frjentsjer

    Der is in soad te dwaan oer de binnenstêd fan Frjentsjer. Tongersdei praat de gemeenteried oer hoe it hert fan de stêd, De Breedeplaats, oan te pakken. Doel is om de winkelstrjitten fia it plein better mei-inoar te ferbinen, it plein wat smûker te meitsjen en de nije fontein in plakje te jaan. Mar de grutte peallen op it plein, dêr't by festiviteiten in tinte oan hingje kin, bliuwe stean. It Buro gie op ûndersyk út want: ' De peallen spjalte Frjentsjer'.

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jan Hendrik de With.

    It oersjoch fan de ôfrûne wike

    • It oersjoch fan de ôfrûne wike

    Nijsfoarum mei Immie Jonkman, Age Hartsuiker en Willem Bosma

    • Nijsfoarum mei Immie Jonkman, Age Hartsuiker en Willem Bosma

    De trije foarumleden beprate it nijs. Underwerpen dy't op tafel komme binne:
    The Passion, hoe wie dat as evenemint yn relaasje ta oare grutte eveneminten.
    Hoe is it feiligensgefoel by ditsoarte fan eveneminten?
    It referendum yn Turkije
    De kultuernota fan it Hearrefean
    De panda's... mediagekte?

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)