Buro de Vries fan 15 septimber 2019 11:00

    - De rykdom fan de skrale grûn; fjlidûndersyk by de Schaopedobbe by Elsloo;
    - Jonge Fryske filmer wurket oan syn twadde film;
    - Yn Memoriam: It besûndere libben fan Bertus Muurling;
    - It oersjoch fan in aparte wike;
    - It Nijsfoarum besprekt it nijs út Fryslân en de rest fan de wrâld. Dit kear mei Jenny Douwes, Romke de Jong en Eke Folkerts.

    De rykdom fan skrale grûn

    De Schaopedobbe by Elslo is in unyk stikje natoer dat beheard wurdt troch It Fryske Gea. De Schaopedobbe sels is in bysûndere dobbe op de hege sângrûn dêr't altyd wetter yn stiet. Eartiids waard it brûkt om der de skiep te waskjen. It gebiet deromhinne is letter besocht mei in soad keunstdong geskikt te meitsjen foar de lânbou. Dat is mislearre en de grûn kaam yn hannen fan It Fryske Gea. Wat se lykwols ek besochten om de âlde wearden werom te krijen, it slagge mar net. Yn gearwurking mei it 'Adviesloket Bodem en Natuur' wurdt sûnt twa jier ûndersyk dien en wurdt mei proefstroken sjoen wat der barre moat. Doel is om de boaiem, dy't noch altyd stiiffol fosfaten sit, te ferearmjen sadat dêr de saneamde 'heischrale graslanden' yn eare wersteld wurde kinne. Mar hoe moat dat? En wat hat it ûndersyk ûndertusken opsmiten? Mei Sietske Rintjema, ûndersykster natoerkwaliteit by It Fryske Gea, sjocht it Buro yn dit bysûndere stikje Súdeast-Fryslân.

    Jordan (20) makket dokumintêre oer de Alde Feanen

    Hy wol de minsken sjen litte hoe moai Nederlân is en harren der bewust fan meitsje dat we sunich op ús natoer wêze moatte. Jordan van der Maas is 20 jier en leit op it stuit de lêste hân oan syn twadde natoerfilm. De earste - "Licht en Leven" - wie ôf doe't er 17 jier wie. Foar de twadde dokumintêre tôge er twa jier lang nei de Alde Feanen. It Buro luts op in hjerstige dei de learzens oan en gie mei. Omdat it sa reinde wie de fûgelhut yn de Jan Durkspolder in moai plak om de kamera del te setten:

    foarpriuwke fan "Leven in het Veen"

    Om in yndruk te krijen hjir in lytse ympresje fan de film Leven in het Veen.

    Wa't mear ynformaasje ha wol kin sjen op de website fan Jordan van der Maas: www.naturescenes.nl

    Oersjoch fan de wike

    Yn noch gjin fiif minuten komt yn in persoanlik oersjoch de hiele wike nochris foarby. Dizze wike makke troch René Koster.

    Nijsfoarum

    It Nijsfoarum bepraat it nijs út Fryslân en de rest fan de wrâld. Ditkear mei Jenny Douwes (ûndernimster yn in mannewrâld), Eke Folkerts (fs. Agraryske Jongeren Fryslân) en Romke de Jong, fraksjefoarsitter fan D66 yn de Fryske Steaten en ûndernimmer).

    Yn Memoriam

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries.Dizze kear is dat Bertus Muurling.

    11:06 - Wouter Hamel - Breezy
    11:25 - Jaap Louwes & De Lossebinde - In Nij Begjin
    11:41 - Tom Petty - A Face In The Crowd
    11:52 - Daniel Lohues - Hier Kom Ik Weg
    12:07 - Travis - Why Does It Always Rain On Me
    12:16 - Krezip - How Would You Feel

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)