Buro de Vries fan 15 oktober 2017 11:00

Fryske froulju yn Bangladesj * Monteverdi yn allerhande útfieringen * Yn Memoriam: Dienke Douwstra fan Drachten * It wike-oersjoch * It nijsfoarum mei Rendert Algra, Aukje de Vries en Geesje Duursma.

'Operaasjewanten wurde útwosken en wer opnij brûkt'

Ien wasbak op 40 pasjinten en ek de skjinmakkers en de besite moatte dêr dan gebrûk fan meitsje. It is in sitewaasje dy't Gerry Aerts fan De Gordyk en Nelly Holland út Grou tsjinkamen yn in sikehûs yn Bangladesj. De beide froulju reizgje al 20 jier lang regelmjittich nei dit Aziatyske lân om te helpen de hygiëne yn de sikehuzen op in heger peil te krijen. Yn 1997 makke Gerry foar it earst de reis nei Bangladesj. It rekket har as se no, 20 jier letter, de earste regels út dat deiboek wer lêst.

Yn novimber reizgje beide froulju wer ôf nei Bangladesj. De beropsferiening foar sikehûshygeniïsten bestiet dan 20 jier en omdat Gerry en Nelly oan de widze stien ha fan dy beropsferiening binne se útnûge om dêr dan te sprekken op in grut kongres.

Rudolf Nammensma oer de hillige muzyk fan Monteverdi

De Mariafespers fan Claudio Monteverdi is in samling muzykstikken dy't wol as 'hillich' omskreun wurde. Eins bin de stikken bedoeld foar it roomske jûns-gebed, mar al lang útgroeid ta ien fan de hichtepunten yn de klassike muzykskiednis. Kenner en leafhawwer Rudolf Nammensma fan Ljouwert lit yn Buro de Vries it ien en oar hearre om mei dizze muzyk yn 'e kunde te kommen. Yn jannewaris presintearret Nammensma in programma oer de Mariafespers yn De Harmonie yn Ljouwert.

YM: Radiodokumint oer (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Dienke Douwstra.

It wike-oersjoch

It nijsfoarum

De Fryske deputearre Sietske Poepjes moat minister fan Kultuer wurde yn it kabinet Rutte-3. Dat fynt âld-CDA-politkus Rendert Algra. Algra docht dy suggestje yn it nijsfoarum fan Buro de Vries. Ald-deputearre Piet Adema, dy't no lanlik foarsitter fan de ChristenUnie is, soe geskikt wêze op ynfrastruktuer, fynt Algra. Oare gasten yn it foarum binne Twadde Keamerlid Aukje de Vries en Geesje Duursma fan Burgum.

11:07 - Die Twa - Tiden Binne Tiden
11:27 - Zucchero Fornaciari - Il Volo
12:09 - Pretenders - Don't Get Me Wrong
12:17 - Jp Cooper - September Song

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)