Buro de Vries fan 15 novimber 2020 11:00

    *'Over leven in 2020' - in boek fan Jan Boeijenga fan Wytmarsum
    * de Weemoeder - in boek fan muzikant Sido Marten
    * Ut it libben: in yn memoriam oer Renze Valk troch Jaap van der Bij
    * it wikeoersjoch
    * it nijsfoarum oer it ferskil yn beleaning tusken manlju en froulju, de polityk yn Smellingerlân, en it Sinterklaasfeest.

    Sido Martens

    De earste jierren fan je libben kinne je meitsje of brekke. Hoe is it om yn in gesin op te groeien dat ôfstanlik is, dêr't de mem samar ferdwynt en heit de drank net stean litte kin. Sido Martens skreau it boek De Weemoeder. De muzikant en skriuwer is 71 en skreau pas de ôfrûne tiid syn jeugd en de gefolgen derfan fan him ôf.

    Simone Scheffer gie mei him werom nei de Sumatrastraat yn Ljouwert. Under de reek fan it Cambuurstadion leit dit strjitsje dêr't Sido opgroeide. Foar it earst yn skoften stie hy wer foar nûmer 27. It hûs dêr't de oantinkens oan in net ideale jeugd lizze.Ek hearre we muzyk fan it nijste album fan Martens. It album stiet ek yn it teken fan syn jeugdferhaal De Weemoeder.

    Ut it libben...

    "In grut ûnderwiisman mei hert foar de Fryske taal en kultuer", sa waard dr. Renze Valk omskreaun nei syn ferstjerren, ferline wike. Jabik van der Bij hat jierren mei Valk gearwurke en is sels mei him promovearre. Hy betinkt Renze Valk hjoed mei in Yn Memoriam.

    "Over leven in 2020"

    "Ik ha in soad dwaald yn it libben en genôch stommiteiten úthelle. No't ik hast tachtich bin fyn ik antwurden en dat is fantastysk!" Dat seit Jan A. Boeijenga fan Wytmarsum nei oanlieding fan it ferskinen fan syn boek "Over leven in 2020, een persoonlijke weg van een 'Klein Duimpje' naar de toekomst."

    Boeijenga besiket mei in filosofyske analyze it paad werom te finen yn dizze betiizjende tiid. It lizzen fan symboalyske 'kizelstientsjes' blike dêrby krekt sa te helpen as Klein Duimpje yn it mearke.

    Boeijenga waard berne yn Droegeham, groeide op yn Ljouwert en fêstige him noch foar syn tweintichste bûten de provinsje. Hy waard ûnderwizer en studearre letter ôf as psycholooch. Sûnt syn pensjoen wennet er yn Wytmarsum. It boek 'Over leven in 2020' fan Jan Boeijenga leit rûnom yn de boekwinkels.

    it wikeoersjoch

    In persoanlike blik op it nijs fan de ôfrûne wike troch Geartsje de Vries

    It nijsfoarum mei Yntze de Vries, Jenny Douwes en Mirka Antolovic

    Mei de foarumleden Yntze de Vries (ELP Smellingerlân), Jenny Douwes (ûndernimmer) en Mirka Antolovic (PvdA Ljouwert en direkteur Tûmba) diskusearje we oer it nijs. Oan 'e oarder komt:

    - de ûngelikense beleanning fan manlju en froulju

    - leefberens yn de Fryske doarpen

    - in flagge foar de minskerjochten

    - de polityk yn Smellingerlân

    - it Sinteklaasfeest

    11:05 - Eric Clapton - My Father's Eyes
    11:28 - Eddie Hodges - I'm Gonna Knock On Your Door
    11:38 - Poema's - Mijn Houten Hart
    11:55 - Mosken - Juf
    12:08 - Roch Voisine - On The Outside
    12:17 - Paul Mccartney - My Brave Face

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)