Buro de Vries fan 15 novimber 2015 11:00

'Mindful' fotografearje: moaie foto's troch rêst yn 'e holle * YM troch Cor Waringa * Fryske skiednis ûnder wetter * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Bart Kingma * In petear mei Harry Koning, direkteur Atelier Majeur op It Hearrenfean * Us Doarp: Mûnein

Moaie foto's troch rêst yn 'e holle

Anja Zwanenburg woe moaie foto's meitsje, mar it slagge net. Oant se 13 jier lyn yn oanrekking kaam mei mindfulness. Se begûn 'mindful' te fotografearjen en is no hiel wat wizer mei it resultaat fan har foto's. Sûnt in healjier jout se ek kursussen. Mindful fotografearje smyt neffens har folle mear op as allinne moaie foto's. En dat moatte mear minsken erfare.

http://www.az-fotografie.nl/
http://www.bibliothekenmarenfean.nl/agenda/workshop-mindful-fotograferen...

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Durk van der Tol, earder boer by Heech.

Fryske skiednis ûnder wetter

Archeology: terpen dy't ôfgroeven wurde, bonken dy't yn de grûn fûn binne, of diggels, munten, sieraden. Fynsten út 'e grûn, it lân. Dat archeologen ek ûnder wetter dwaande binne, hiene wy nea by stilstien. We stutsen ús ljocht op by Jan Venema fan Makkum, foarsitter fan de lanlike wurkgroep Archeology ûnder Wetter.

Nije wike snein, 22 novimber, jout Venema in lêzing oer 'Maritieme Historie Fryslân'. Museum Hindelopen, 15:00 oere.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed treft hy in skatsiker op it ierappellân.

Kollum Bart Kingma

De kollum komt dizze wike fan Bart Kingma, skriuwer en programmamakker by Omrop Fryslân.

Harry Koning

Harry Koning fan Nijemardum is no hast twa jier direkteur fan Atelier Majeur, it sintrum foar keunsten op It Hearrenfean en Opsterlân. Under syn lieding moat Atelier Majeur keunst en kultuer yn de breedste sin fan it wurd ûnder de minsken bringe. Mar wa is dy man dy't dat allegear dwaan moat? Ik Buro socht him op en ûntduts efter dizze manager in pianist, in operasjonger, in musical-lieder, in dirigint, in komponist en mear...

Us doarp: Mûnein

Fan de doarpen yn De Trynwâlden is Mûnein fierwei it jongste. Dat komt omdat it doarp pas yn 1948 de doarpsstatus krige; dêrfoar waard it sjoen as in buorskip fan Oentsjerk. De lêste 50 jier is der in soad feroare yn en om it doarp, mar it tal ynwenners is frij stabyl: sa om de 700 hinne.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)