Buro de Vries fan 15 july 2018 11:00

    Buro de Vries sit dizze simmer op it doarpsplein. Yn dit jier fan LF2018 sille wy op syk nei de doarpsmienskip. Hjoed binne Geartsje de Vries en Simone Scheffer yn Winaam. 

    Portret fan it doarp Winaam

    Doarp ûnder de reek fan Harns en syn REC

    Winaam leit ûnder de reek fan Harns en dat betsjut ek ûnder de reek fan de REC. De ôffalstofferestsintrale hâldt de gemoederen yn en om it doarp al jierren dwaande. Der is groep fanatike tsjinstanners dy't harren fersetten bliuwt tsjin de REC. Ek sâlt- en gaswinning is in bedriging. Dêr hâldt ek in groep ynwenners har mei dwaande.

    Fibula

    De measte minsken sille by Winaam tinke oan de fibula. Yn 1953 waard de 'voetplaat' fan de fibula fûn yn in terp krekt bûten Winaam. Jierrenlang waard dêrnei socht nei de oare ûnderdielen fan de 7e iuwske sierspjelde. Yn 1991 begûn de Ryskuniversiteit fan Grins mei in grutskalich ûndersyk yn de terp fan Winaam. Dat duorre oant 1993. Doe waarden ek oare parten fan de fibula fûn. In spektakulêre fynst dêr't Winaam noch altyd mei op 'e kaart stiet, ek ynternasjonaal, Sa is der in archeologysk stipepunt dêr't allerhanne fynsten útstald binne. De mantelspjelde leit yn it Frysk Museum yn Ljouwert, mar Winaam lûkt der ek toeristen mei. Ea wenne der in machtige Fryske kening op de Winamer terp, is de oertsjûging fan in soad minsken.

    11:08 - Jimmy Cliff - Treat The Youths Right
    11:24 - Sebeare - Lit Us Gean
    11:38 - Joao Neto & Frederico - Le Le Le
    11:54 - Ed Sheeran - Shape Of You
    12:09 - Matia Bazar - Ti Sento
    12:28 - Mink Deville - Demasiada Corazon
    12:46 - Matt Bianco - Ronnie's Samba

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)