Buro de Vries fan 15 july 2012

Simmer yn Fryslân dus ek Simmer by Buro de Vries!

Eilantsje 'hoppe' yn De Rottige Meenthe, gebouwen besjen fan arsjitekt Romein in Ljouwert, Cor Waringa betinkt it libben fan Fokke de Jong: fytser, sjonger en distillearder yn Skearnegoutum. We keapje sjem oan 'e dyk yn Oentsjerk en Sjouke Lousma is ek te finnen yn de Trynwâlden, dêr't hy de heit tsjinkomt fan twa ferneamde ljeppers.

Yn de twadde oere binne we wer yn Sweden. We ha by Ikea ôfpraat mei Monika Mulder, ien fan de wichtigste ûntwerpers fan dit Sweedske bedriuw.

Eilantsjes yn de Rottige Meenthe

Yn de Rottige Meenthe hawwe jo gjin fêste grûn ûnder de fuotten. De grûn is sompich, allinnich reit kin der groeie, en jo witte kwalik wêr't it lân ophâldt en it wetter begint. It gebiet is in brij fan lange eilantsjes en wetter, ûntstien yn de tiid fan de ferfeaning. Doe stiene der de feanwurkers, no is it stil en fine de otter en de grutte fjoerflinter der in plakje. Roel Vriesema fan Steatsbosbeheer nimt ús mei de Rottige Meenthe yn...

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries.
Hjoed betinkt Cor Waringa it libben fan Fokke de Jong: fytser, sjonger en distillearder yn Skearnegoutum

Sjouke Lousma Underweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.
Fannemoarn treft hy in man út Ryptsjerk. Geandewei docht bliken dat hy de heit is fan Gerhard en Tineke Vlieger. Twa ferneamde fierljepkampioenen. Soan en dochter ha ferskate kearen nasjonaal en Frysk kampioen west. En wat ha se der oan oerhalden? Neffens heit Vlieger allinnich mar stikkene knibbels.

Untwerpe foar Ikea

Yn Göteborg treffe we by ien fan de twa Ikea-festigings Monika Mulder. Monika is 39 jier en komt fan Wâldsein. Se hat fjouwer jonge bern en wennet mei har man yn Göteborg.

Monika hat de Design Academie yn Eindhoven dien en krige sadwaande in staazjeplak by Ikea. Nei in súksesfolle staazje koe se bliuwe. Yntusken wurket se der net mear fêst. Se hat har eigen ûntwerpstudio, mar wurket noch foar it grutste part foar Ikea.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)