Buro de Vries fan 15 jannewaris 2017 11:00

    * Spannum drok yn it spier foar in iepenloft-belibbings-lokaasje-teäterfoarstelling * Snitser mei Italiaanske foarâlden Valentino Selva skriuwt in boek * Yn Memoriam: Hinke van Dyk-Dykstra * It nijsfoarum mei Aukje de Vries, Otto van der Galiën en Hein Kuiken.

    Sybrant Roorda soarget foar mienskipssin yn Spannum

    • Sybrant Roorda soarget foar mienskipssin yn Spannum

    Sybrant Roorda wie iuwen lyn in foarnaam man yn Spannum. Doe't yn 2014 syn grêfstien te foarskyn kaam by de restauraasje fan de tsjerke, ynspirearre dat Alie de Haan ta it skriuwen fan in boekje oer de skiednis fan dizze man. Mar dêr bleau it net by. Op de jiergearkomste fan doarpsbelang Spannum ûntstie it idee om in teäterstik te meitsjen oer Sybrant Roorda. Fol entûsjasme is sûnt dy tiid wurke oan in skript, it oanboarjen fan jildboarnen en it regeljen fan meiwurkers. Dat is allegear klear en nei oerlis mei minsken fan Kulturele Haadstêd 2018, is besletten om it stik net yn 2018 mar yn 2017 al op te fieren. Op dit stuit brûst it yn Spannum. Sa is der alle moandeitejûnen it 'naaikafee' yn it doarpshûs. In stik as 15 froulju knippe, spjeldsje en naaie de kostúms.
    It stik mei de titel 'It kistje fan Sybrant Roorda' wurdt yn juny opfierd. Mear ynformaasje is te finen op harren webside: http://www.roordaspannum.nl/

    Valentino Selva: Bysûndere Snitser mei Italiaanske foarâlden

    • Valentino Selva: Bysûndere Snitser mei Italiaanske foarâlden

    Valentino Selva: op 't heden wennet er simmers yn Italië en winters yn Makkum, mar hy fielt him in echte Snitser. Hy wie learaar Dútsk, Nederlânsk kampioen gewichtsheffen, hie in hoveniersbedriuw, oerlibbe in geweldadige oerfal en skruiwt no boeken. Fan 'e wike ferskynde de thriller 'Het geheim van Gaast'. Wy fan it buro sochten him op yn Makkum foar in goed petear by in echte cappuccino....
    De romantyske roman 'Het geheim van Gaast' is fan 'e wike út kaam by Lycka till Förlag. Mear ynformaasje op www.lyckatill.nl

    It nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Hein Kuiken en Aukje de Vries

    • It nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Hein Kuiken en Aukje de Vries

    It nijsfoarum praat oer wat ús de ôfrûne wike dwaande hold. Alle wiken nimme oare minsken in sit yn it foarum. Dizze kear binne dat Aukje de Vries, 2e keamerlid foar de VVD, Otto van der Galiën, dosint en âld-steatelid foar de PVV en Hein Kuiken wethâlder yn Harns.

    Yn Memoriam: Hinke van Dyk-Dykstra

    • Yn Memoriam: Hinke van Dyk-Dykstra

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Hinke van Dyk-Dykstra út Bitgummole.

    11:07 - James Blunt - 1973
    11:24 - Wiebe - Flean Marianna, Flean
    12:07 - Joan Armatrading - Rosie
    12:12 - Frederique Spigt - Mijn Hart Kan Dat Niet Aan
    12:51 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)